De wangpûdiikhoarntsjes of wangsekiikhoarntsjes (wittenskiplike namme: Tamiina) foarmje in ûndertûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de ûnderfamylje fan 'e grûniikhoarntsjes en Afrikaanske beamiikhoarntsjes (Xerinae) en de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini). Ta dizze ûndertûke hearre 25 soarten grûniikhoarntsjes. Dêrnjonken wurdt ek it fossile skaai Nototamias ta dizze taksonomyske groep rekkene.
Undertûke-opbou
ûndertûke wangpûdiikhoarntsjes (Tamiina) skaai Nototamias † boppeskaai wangpûdiikhoarntsjes (Tamias) skaai Amerikaanske wangpûdiikhoarntsjes (Neotamias): 23 soarten skaai echte wangpûdiikhoarntsjes (Tamias): 1 soarte skaai Jeraziatyske wangpûdiikhoarntsjes (Eutamias): 1 soarte
Kategory:Iikhoarntsje