thumb|left|250px|10e strjitte yn it sintrum fan Worthington (2007)
Worthington is in stêd (city) yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Minnesota. It is it haadplak fan Nobles County. Ynwennertal: 12.764 (2010)
Op it plak fan de stêd waard yn de 70er jierren fan de 19e iuw it Okabena Station oan in line fan dee Chicago, St. Paul, Minneapolis and Omaha Railway, letter de Chicago and North Western Railway (no ûnderdiel fan Union Pacific Railroad) set, dêr't stoomlokomotiven wetter ynnimme koene út it tichteby lizzende Lake Okabena. Der kamen mear minsken te wenjen doe't in A.P. Miller út Toledo, Ohio, yn tsjinst fan de National Colony Organization, him dêr festige. Miller ferneamde it stedsje nei de famkesnamme fan syn oare helte.
Underwiis Worthington heart ta it Unôfhinklik Skoalledistrikt 518. High School: Worthington High School Middle School: Worthington Middle School Basisskoalle: Prairie Elementary School
Technyske skoalle: Minnesota West Community and Technical College
Worthington Christian School
Keppelings om utens Communitywebside fan Worthington, Minnesota
Kategory:Plak yn Minnesota Kategory:Plak stifte yn 1872