De iikhoarntsjes (wittenskiplike namme: Sciuridae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha). Dizze famylje omfettet sa'n 278 ûnderskate soarten, wêrfan't de wichtichste en bekendste groepen de beamiikhoarntsjes, grûniikhoarntsjes, fleanende iikhoarntsjes, marmotten en prêrjehûnen binne.

Iikhoarntsjes komme foar yn 'e Amearika's, Jeraazje en Afrika, en binne troch de minske yn Austraalje yntrodusearre. Biotopen fan dizze bisten rinne útinoar fan steppes oant reinwâlden, en wylst guon treflik oanpast binne oan it libjen heech yn 'e beammen, binne oaren hoalegravers, dy't noch nea in beam fan deunby sjoen hawwe. Hast alle soarten iikhoarntsjes hawwe in langwerpich lichem mei rûne foarmen en in lange plomsturt (al ûntbrekt de sturt wolris). Har gesichtsfermogen is tige goed ûntwikkele, en se binne foar it meastepart oerdeis aktyf, útsein de fleanende iikhoarntsjes, dat nachtdieren binne.

Famylje-opbou

famylje iikhoarntsjes (Sciuridae) incertae sedis (yndieling ûnwis) skaai Hesperopetes † skaai Kherem † skaai Lagrivea † skaai Oligosciurus † skaai Plesiosciurus † skaai Prospermophilus † skaai Sciurion † skaai Similisciurus † skaai Sinotamias † skaai Vulcanisciurus † ûnderfamylje Aziatyske pronkiikhoarntsjes (Callosciurinae) tûke echte Aziatyske pronkiikhoarntsjes (Callosciurini): ±60 soarten tûke palmiikhoarntsjes (Funambulini): 5 soarten ûnderfamylje Cedromurinae † ûnderfamylje echte iikhoarntsjes (Sciurinae) tûke echte beamiikhoarntsjes (Sciurini): 39 soarten tûke fleanende iikhoarntsjes of fleanhoarntsjes (Pteromyini): 45 soarten ûnderfamylje grûniikhoarntsjes en Afrikaanske beamiikhoarntsjes (Xerinae) tûke Afrikaanske beamiikhoarntsjes (Protoxerini): 19 soarten tûke grûniikhoarntsjes (Marmotini): 99 soarten tûke stikeliikhoarntsjes (Xerini): 6 soarten ûnderfamylje neotropyske dwerchiikhoarntsjes (Sciurillinae): 1 soarte ûnderfamylje reuze-iikhoarntsjes (Ratufinae): 4 soarten

Kategory:Sûchdierefamylje Kategory:Kjifdier