De BET Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier útrikt wurde ta erkenning fan 'e prestaasjes fan Afro-Amerikanen en oare minderheden yn 'e Feriene Steaten op it mêd fan muzyk, tillefyzje, sport en oare terreinen. Dizze prizen waarden yn 2001 ynsteld troch it Black Entertainment Television-netwurk. De útrikking fynt plak by in live troch datselde tillefyzjekanaal útstjoerde seremoanje, dy't sûnt 2002 yn Los Angeles holden wurdt, al fûn de ynaugurele útrikking yn 2001 plak yn Las Vegas.

De BET Awards wurde tawiisd troch in 500-koppich panel besteande út fertsjintwurdigers fan 'e muzykyndustry en de media en út bloggers. BET stjoerd elektroanyske stimbiljetten nei alle panelleden ta, dy't dêr har nominaasjes op ynfolje, wêrnei't de resultaten troch BET byinoar smiten wurde en de meast nominearre fiif nammen yn eltse kategory op in nij stimbiljet set wurde dat dan wer nei de panelleden ta stjoerd wurdt, sadat dy har úteinlike kar meitsje kinne. Wa't fan 'e fiif nominaasjes yn in kategory yn dizze twadde stimming de measte stimmen kriget, is de winner.

Kategoryen bêste hiphop-artyst bêste gospelartyst bêste R&B-artyst bêste band bêste nije artyst bêste gearwurking bêste fideoklip bêste akteur en aktrise bêste film arleet fan it jier publykspriis (Viewers' Choice) BET Centric Award BET Humanitarian Award BET Lifetime Achievement Award (oeuvrepriis)

Keppelings om utens Offisjele side fan de BET Awards

Kategory:Amerikaanske muzykpriis Kategory:Amerikaanske telefyzjepriis Kategory:Amerikaanske filmpriis Kategory:Amerikaanske sportpriis Kategory:Hiphoppriis Kategory:Gospelpriis Kategory:R&B-priis Kategory:Popmuzykpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 2001