De MOBO Awards, of folút: Music of Black Origin Awards, binne in groep Britske prizen dy't ienris yn it jier útrikt wurde foar de bêste muzikale wurken fan swarte oarsprong (útfierd troch artysten fan lykfol hokker etnisiteit of nasjonaliteit) fan it foargeande jier. De prizen waarden yn 1996 ynsteld troch Kanya King en Andy Ruffell, en hawwe har sûnt ûntjûn ta de meast prestizjeuze Britske prizen fan har mêd. De útrikkingsseremoanje fynt almeast yn Londen plak, mar hat ek alris yn it Skotske Glasgow en yn Liverpool organisearre west.
Kategoryen bêste optreden troch in manlike artyst bêste optreden troch in froulike artyst bêste liet bêste album bêste nijynkommeling bêste R&B/soul-optreden bêste hiphop/grime-optreden út it Feriene Keninkryk bêste gospeloptreden bêste jazz-optreden bêste reggae-optreden bêste Afrikaanske optreden bêste ynternasjonale optreden bêste fideoklip
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e MOBO Awards
Kategory:Britske muzykpriis Kategory:R&B-priis Kategory:Soulpriis Kategory:Hiphoppriis Kategory:Rappriis Kategory:Gospelpriis Kategory:Jazzpriis Kategory:Reggaepriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1996