thumb|250px|Basilyk Us Leaffrou fan Afrika
Algiers (Arabysk: الجزائر, Al-Jazā'ir) is de haadstêd fan Algerije yn it noarden fan Afrika. It leit oan de noardkust fan it lân, en hat in ynwennertal fan likernôch 1.500.000 miljoen. Yn de gânse stêdekloft wenje likernôch 3.500.000 minsken.
De stêd hat in seehaven en in wichtige tekstyl- en learyndustry. It is dêrneist benammen in universiteitsstêd. Algiers bestiet út twa dielen: in modern diel, op in flakte oan de seekust boud en de âlde stêd dy't tsjin de steile hichten leit mei ûnder oare de kasba of sitadel. Dy kasba stiet sûnt 1992 op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.
Skiednis Algiers wie eartiids in seerôvernêst dêr't ek in soad Fryske seelju as galeislaaf lije moasten. Faak waard yn de tsjerke fan de Republyk kollektearre om slaven frijkeapje te kinnen. In Harnzer fregat die yn 1779 mei oan de tuchtiging fan Algiers.
Iepenbier tagonklike gebouwen fan belang de kasbah de regearingsgebouwen (foarhinne it Britske konsulaat) de paleizen fan de gûverneur-generaal en de aartsbiskop, dy't allegear Moarske gebouwen binne de Grutte en de Nije moskee de Basilyk fan Algiers (in katolike katedraal) de eardere katedraal fan H. Filippus (boud om 1893, no in moskee) de tsjerke fan de Hillige Trije-ienheid (Tsjerke fan Ingelân) de Nasjonale Bibleteek fan Algiers (Bibliothèque Nationale d'Alger), in Turksk paleis dat yn 1799 en 1800 boud waard
Demografy Algiers hat in befolking fan sa'n 2,072,993 (2007).Algiers in the World Gazetteer
De etnyske ferdieling is: 59% mei in Arabysktalige eftergrûn, 38% fan Berber-talige komôf en 3% út it bûtenlân, meast út Sina, Fietnam, en Maly.
1950 - 300,000 ynwenners. 1960 - 900,000 ynwenners. Jier Populaasje 1977 (Sensus) 1,353,826 1987 (Sensus) 1,507,241 1998 (Sensus) 1,519,570 2007 (Rûzing) 2,072,993
Ferskaat Yn 2007 wurdt foar de twadde kear yn Algiers de Africa games hâlden. De earste kear wie yn 1978.
Berne yn Algiers Marcel Molines (22 desimber 1928), Algerijnsk hurdfytser Djamel Zidane (28 april 1955), fuotballer Nouria Mérah-Benida (19 oktober 1970), Algerijnsk atlete, wûn goud op de Olympyske Spullen Rafik Saïfi (7 febrewaris 1975), Algerijnsk fuotballer Djabir Saïd-Guerni (29 maart 1977), middellangeôfstânsrinner
Kategory:Algiers Kategory:Plak yn Algerije Kategory:Haadstêd yn Afrika Kategory:Plak stifte yn 944