Foarfallen 2 maaie - Yn Egypte fiere de Mammelûken in steatsgreep út, wêrby't de lêste Ajûbidyske sultan fan Egypte, Al-Mûazzam Toeransjah, fermoarde wurdt. Yn Syrje sille de Ajûbiden noch oant 1260 regearje. sûnder datum - Roeselare, yn it Greefskip Flaanderen, kriget stedsrjochten. sûnder datum - De Hollanners foltôgje de Westfryske Omringdyk. De 126 km lange seedyk om West-Fryslân hinne moat it lân beskermje tsjin sawol de Noardsee as de Sudersee. sûnder datum - De biskop fan Utert lit yn Oldenseal de earste steamnôtmole, de Biskopsmole, bouwe. sûnder datum - De Santa Maria in Aracoeli-tsjerke in Rome wurdt troch de paus oan de fransiskanen tawiisd.
Berne 17 septimber - greve Robert II fan Arteezje († 1302) datum ûnbekend Willem fan Moraavje, 3e greve fan Sutherland, Skotsk ealman († 1330)
Ferstoarn datum ûnbekend Leonardo fan Pisa (of Fibonacci), Italjaansk wiskundige (* 1170)
Kategory:13e iuw