Steven de Jong (Skarsterbrêge, 26 juny 1962) is in súksesfolle Fryske regisseur en produsint fan (spyl)films. De Jong folge de "Media Akademy" in Hilfertsom en makke dêrnei namme mei ferfilmingen fan meast Fryske ûnderwerpen. As regisseur makke er sawol jeugdfilms as films foar folwoeksenen.
Biografy Jonge jierren en start filmkarrière De Jong is hikke en tein yn Skarsterbrêge. Nei de middelbe reskoalle begûn hy as 18-jierrige in platewinkel op de Jouwer. Dêr kaam letter in cd-winkel op It Hearrenfean by. Lettter folge De Jong de "Media Academie" yn Hilfertsom en makke dêrnei namme mei in soad ferfilmings fan meast Fryske ûnderwerpen. Hy makke yn 1981 syn debút as akteur yn Zeg 'ns Aaa. Hy wurke dêrnei mear as tsjien jier foar de produksjemaatskippijen fan Joop van den Ende en John de Mol, as ûnde mear regisseur en produsint, foar ferskate telefyzjeproduksjes wêrûnder Goede Tijden Slechte Tijden, De Erfenis en Paardenmagazine.Biografy Steven de Jong op de offisjele webside fan Steven de Jong. Opfrege op 19 novimber 2015.
Selsstannich Yn 1995 sette de Jong in eigen produksjemaatskippij op, Steven Dejong Producties. Hy produsearre, regisearre en skreau it senario foar tsientallen films en telefysyproduksjes, wêrûnder Spijkerhoek, De Hel van ’63, De Scheepsjongens van Bontekoe en Snuf de Hond.
Hy wie dêrnei aktyf as regisseur en as bestjoerder fan syn trije produksjemaatskippijen. Tegearre mei Dick van den Heuvel skriuwt hy faak de senario's. De Jong is ek foarsitter fan de Stichting Frysk Filmfûns.
Prizen Yn 2000 wûn De Jong de 'Televizierring' foar Westenwind foar syn wurk as regisseur en creative producer. Foar syn rezje- en aktearwurk foar De Fûke krige hy de Stimulânspriis, en ek 2 Gouden Keal-nominaasjes. Mei syn films wûn hy ferskate oare prizen, wêrûnder in platinafilm foar De schippers van de Kameleon, in gouden film foar De Scheepsjongens van Bontekoe, Kameleon 2 en De Hel van '63, en in tal lokale prizen as de Cinekid bêste film foar Penny's Shadow en de titel Best Art & Director op it Bagdad International Film Festival.
Filmografy (as regisseur) Spylfilms De Gouden Swipe - 1995 De Fûke - 2000 De Schippers van de Kameleon - 2003 Kameleon 2 - 2005 De Scheepsjongens van Bontekoe - 2006 Snuf en de Jacht op de Vliegende Volckert - 2008 Snuf de Hond in Oorlogstijd - 2008 De Hel van '63 - 2009 Snuf en de IJsvogel - 2010 Snuf en het Spookslot - 2010 Penny's Shadow - 2011 Leve Boerenliefde - 2013 Stuk! - 2014 Spaak - 2017 De Kameleon aan de Ketting - 2021 Grutte Pier - 2022 thumb|326x326px|Steven de Jong op 'e set fan Grutte Pier.
Telefyzjeriges Onderweg naar Morgen - 1995-1999 Westenwind - 1999 Baas boppe Baas - 2005 Dankert & Dankert - 2005 Van Jonge Leu en Oale Groond - 2005 Penny - 2008 Bit - 2008 (basearre op it libben fan Tjitse Smeding) De Kameleon - 2018
Filmografy (as akteur) Snuf de Hond in oorlogstijd - 2008 - Tjerk Verhoef (omke fan Tom) Spijkerhoek - 1990 - 1992 De Schippers van de Kameleon - 2003 + heit Klinkhamer Kameleon 2 - 2005 - heit Klinkhamer De scheepsjongens van Bontekoe - 2006 - Klaas Hajo (heit fan Peter) De Kameleon - 2018, heit Klinkhamer
Kategory:Frysk filmakteur Kategory:Frysk filmprodusint Kategory:Frysk filmregisseur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk filmregisseur Kategory:Nederlânsk filmprodusint Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Skarsterbrêge Kategory:Persoan berne yn 1962