Douwe Heeringa (Ljouwert, 21 maart 1964) is in Fryske sjonger en programmamakker by Omrop Fryslân. Hy is benammen bekend troch syn ynterpretaasjes fan Jacques Brel. De Frânske chansons waarden foar him oersetten troch Tsjêbbe Hettinga, Wilco Berga, Baukje Wytsma, Hylkje Goïnga en Jaap Duijs. De teksten binne ek yn boekfoarm útjûn.
Heeringa docht de presintaasje fan “Mei Douwe” (radio) en “Spegels” (telefyzje).
Op 12 july 2009 hat Heeringa syn sjongkarriêre einige mei in optreden yn de tsjerke fan Aldeberkeap.
Diskografy Unfolslein: Douwe Heeringa singt Brel Wytsma (miny CD) Douwe Heeringa en Kompagnie Brel in Fries Retour Ljouwert-Berlyn
CD mei oaren:
Frysk hitfestival 1 De bêste fan Omrop Fryslân diel 2 De bêste fan Omrop Fryslân diel 3
Keppeling om utens Douwe Heeringa op streektaalzang.nl
Kategory:Frysk radiopresintator Kategory:Frysk radio-discjockey Kategory:Frysk telefyzjepresintator Kategory:Omrop Fryslân-wurknimmer Kategory:Frysk sjonger Kategory:Sjonger yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1964