Jeen van den Berg (De Feanhoop, 8 jannewaris 1928 - It Hearrenfean, 8 oktober 2014) wie in Frysk ûnderwizer en reedrider, dy't benammen bekend waard as de winner fan de Alvestêdetocht fan 1954. Hy wie ûnderwizer fan berop.
Dy tocht wûn er yn de tiid fan 7 oeren en 35 minuten, in rekord dat pas 31 jier letter ferbettere waard. Yn de tocht fan 1956 einige er as seisde, nei de kopgroep dy't hân-yn-hân oer de finish gie. By de swiere tocht fan 1963 waard er tredde.
Van den Berg wie ek in goed langebaanrider. Hy die twa kear mei oan de Olympyske Winterspullen, beide kearen kaam er út op de 5 en 10 kilometer. Yn 1973 waard er de earste Nederlânsk kampioen maratonriden.
Jeen van den Berg wie ûnderwizer fan berop. Hy is eareboarger fan de gemeente It Hearrenfean.
Resultaten jierNK AllroundEK AllroundOlympyske SpullenWK Allround 1950 NS3 - - 1954 6e - - 1955 5e - - 1956 sulver - 24e 5000m - 1957 16e 1958 16e 16e 1959 16e 15e 1960 13e 19e 5000m22e 10000m 13e 1962 11e - - 1963 6e - - - = net meidien NS3 = net start op de 3e ôfstân
Biografy , Jeen van de Berg. Utjouwerij Noordboek, 2022.
Kategory:Frysk reedrider Kategory:Frysk Olympysk dielnimmer Kategory:Alvestêdetochtrider Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Persoan berne op De Feanhoop Kategory:Persoan stoarn op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn 1928 Kategory:Persoan stoarn yn 2014