De eastlike fjildmûs of eastlike lânmûs (wittenskiplike namme: Microtus mystacinus, syn. Microtus levis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e echte fjildmûzen (Microtus). Dizze soarte komt foar yn in grut diel fan East- en Noard-Jeropa. De eastlike fjildmûs liket sterk op 'e (gewoane) fjildmûs (Microtus arvalis), en waard foarhinne ta deselde soarte rekkene. Oare wittenskiplike nammen foar de eastlike fjildmûs binne Microtus rossiaemeridionalis en Microtus subarvalis. "Microtus mystacinus De Filippi, 1865" is mooglik in âlder synonym.
Fersprieding De eastlike fjildmûs komt op 'e Balkan foar yn Albaanje, Grikelân, Masedoanje, Kosovo, Servje, Bulgarije, Turkije en Roemeenje. Yn East-Jeropa hearre fierders Moldaavje, de Oekraïne, Wyt-Ruslân, it Baltikum en Ruslân ta syn ferspriedingsgebiet, wylst er yn Noard-Jeropa foarkomt yn súdlik Finlân. Bûten Jeropa libbet er ek yn Lyts-Aazje, westlik Transkaukaazje en noardwestlik Iraan. Op 'e Noarske eilannegroep Spitsbergen, yn it Noardpoalgebiet, is er oanwêzich as in fan 1920 ôf by fersin troch de minske yntrodusearre eksoat. De oanwêzigens fan it bistke dêre waard yn 1960 foar it earst opmurken. Yn Sibearje libje twa isolearre populaasjes: ien oan 'e bopperin fan 'e rivier de Jenisej en ien oan 'e súdwestlike igge fan 'e Baikalmar. It is ûndúdlik oft dat natuerlik foarkommende populaasjes binne, of oft dy ek troch de minske yntrodusearre binne.
Uterlike skaaimerken De eastlike fjildmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 10½ -12¾ sm, mei in sturtlingte fan 3⅓-5¼ sm en in gewicht fan 25-46 g. Hy is dreech te ûnderskieden fan gewoane fjildmûs (Microtus arvalis). It ferskil sit him yn 'e geslachtsdielen, de siedsellen en it tal gromosomen. Teffens is de eastlike fjildmûs wat grutter as de measte ûndersoarten fan 'e fjildmûs.
Hâlden en dragen Eastlike fjildmûzen binne benammen yn 'e skimerperioaden aktyf. It binne herbivoaren, dy't simmerdeis almeast blêden en stâlen frette, en by 't winter woartels. De peartiid duorret fan maart oant oktober. De wyfkes kinne jiers trije kear in nêst jongen krije.
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Fjildmûs Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Eksoat yn Spitsbergen