Anikka Albrite, echte namme: Thrace Ardith Allen (Denver, 7 augustus 1988), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise en earder model fan mingd Frânsk-Tsjechysk-Dútsk-Deensk etnysk komôf. Har artystenamme wurdt ek wol mistavere as Anikka Albright, wylst har foarnamme op ferskate manearen ferhaspele wurdt, as "Annika", "Anika" of "Annikka". Neffens har offisjele opjefte is Albrite 1.68 m, mei in gewicht fan 57 kg en kupmaat 34B.

Libben en karriêre Anikka Albrite is hikke en tein yn Denver, yn 'e steat Kolorado. Nei de middelbere skoalle folge hja in stúdzje mei biology en bedriuwsmanagement as dûbele haadfakken, en behelle hja bachelorstitels yn beide. Nei har stúdzje wurke Albrite yn in klinyk en as model yn 'e reklamebrâns.

Yn 2011 stapte Albrite oer nei de Amerikaanske pornoyndustry en joech se har op as aktrise by it foaroansteande agintskip OC Modeling, dat ûnder de reek fan Los Angeles leit). Har debút yn in pornografyske film makke se yn oktober fan datselde jier. Yn 2013 hie se foar it earst anale seks foar de kamera, yn 'e film Anikka, mei akteur Mick Blue, dêr't se doedestiden yn har priveelibben ek in relaasje mei hie. Albrite waard al rillegau tige populêr. Yn 2013 stie se yn it tydskrift LA Weekly op in list fan tsien pornoaktrises "dy't de folgjende Jenna Jameson wêze kinne soene". Yn 2014 stie se yn 'e top 12 (The Dirty Dozen) fan 'e populêrste pornostjerren, dy't gearstald wie troch de stjoerder CNBC.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Albrite sûnt 2011 yn mear as 200 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande Amerikaanske labels as Pure Play Media, Adam & Eve, Jules Jordan Video, Evil Angel, Vivid Entertainment, Hustler Video, Elegant Angel, Wicked Pictures, New Sensations, Digital Playground, Digital Sin, West Coast Productions, Third Degree Films en Devil's Film. Ek hat se wurke foar de Dútske studio Magmafilm en foar Amerikaanske pornosites as Reality Kings, Brazzers en Muffia. Yn 2014 wûn se trije prestizjeuze AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld).

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2012Urban X Awardnominearrebêste sekssêne mei in pearke (mei Justin Slayer)Booty I Like 82013AEBN VOD Awardwûnbêste nijynkommelingen.f.t.AVN Awardnominearrebêste opfiering fan in striptiis (mei Jada Stevens)Jada Stevens Is Buttwomannominearrebêste POV-sekssêne (mei Erik Everhard)Eye Fucked Them Allnominearrebêste triosekssêne f/f/m (mei Jada Stevens en Erik Everhard)Jada Stevens Is Buttwomannominearrebêste nije stjern.f.t.NightMoves Awardwûnbêste nije stjer (publykspriis)n.f.t.Xbiz Awardnominearrebêste nije stjern.f.t.XRCO Awardnominearrebêste nije stjern.f.t.2014AVN Awardnominearrebêste solosekssêneI Love Big Toys 36nominearrebêste orale sekssêne (mei Riley Reid)American Cocksucking Sluts 5nominearrebêste sekssêne mei in pearke (mei Manuel Ferrara)Top Bottomsnominearrebêste POV-sekssêne (mei Mick Blue)Eye Candynominearrebêste triosekssêne f/f/m (mei Maddy O'Reilly en Kurt Lockwood)Not the Wizard of Oz XXXnominearrebêste triosekssêne f/f/m (mei Samantha Saint en Mick Blue)Samantha Saint Is Completely Wickednominearrebêste groepsekssêne (mei Brooklyn Chase, Jacky Joy, Christy Mack, Kelly Madison, Kendra Lust, Romi Rain en Ryan Madison)The Madisons' Mad Mad Circusnominearrebêste groepsekssêne (mei Mischa Brooks, Ashley Fires, Dillion Harper, Remy LaCroix, Riley Reid en Manuel Ferrara)Manuel Ferrara's Reverse Gangbangnominearrebêste aktriseOMG... It's the Leaving Las Vegas XXX Parodynominearreartyste fan it jiern.f.t.wûnbêste opfiering fan in striptiisAnikkawûnbêste anale sekssêne (mei Mick Blue)Anikkawûnbêste triosekssêne f/m/m (mei James Deen en Ramon Nomar)AnikkaXbiz Awardnominearrebêste sêne (parody) (mei Maddy O'Reilly en Kurt Lockwood)Not the Wizard of Oz XXXnominearrebêste sêne (non-feature-publikaasje) (mei Mick Blue)Anikkanominearrebêste byrol fan in aktriseNot the Wizard of Oz XXXnominearreartyste fan it jiern.f.t.XRCO Awardnominearreorgastysk oralisten.f.t.nominearreartyste fan it jiern.f.t.

Keppelings om utens Biografy en filmografy fan Anikka Albrite yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Anikka Albrite yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD) Biografy fan Anikka Albrite

Kategory:Amerikaansk model Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk stripper Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk persoan fan Deensk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Tsjechysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1988