Kommerijn Gerittine (Tine) Leiker-Kooijmans (De Haach, 31 jannewaris 1915 - Bilthoven, 24 juny 2008) wie in Nederlânsk skriuwster en oersetster.

Biografy Kooijmans wie in dochter fan Adriaan Kooijmans en Adriana Bakker. Sy boaske yn 1943 mei NSB-er jhr. Johannes Anthony Boreel de Mauregnault (1916-1947), lid fan de famylje De Mauregnault, en nei dy syn ferstjerren yn 1953 mei skriuwer-sjoernalist Sjoerd Leiker (1914-1988).

Fan 1959 ôf oan publisearre hja ferskate berne- of gesinsboeken ûnder de namme Tine Leiker-Kooijmans. Nei 1970 die hja hast alinne noch fertaalwurk.

Yn 1992 stelde se de Sjoerd Leikerpriis foar skriuwers boppe de 50 jier yn.

Bibliografy Tot ziens, grootvader. De Haach, 1959. Kinderen van het schoolhuis. Amsterdam, 1960. Het vluchtelingenkind. Amsterdam, 1964. Straatslijpen in Hoorn. Wandelingen in een oude stad met straatnaambordjes als wegwijzers. Hoarn, 1974.

Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Persoan berne yn 1915 Kategory:Persoan stoarn yn 2008