De Libris Literatuer Priis is in priis dy't alle jierren útrikt wurdt foar it bêste Nederlânsktalige literêre fiksjeboek út it foarrige kalinderjier. Nammejouwer fan de priis is de sponsor, boekhannelskeatling Libris.

De Booker Prize stie model foar de Librispriis. Nei in kar-út fan 18 titels (longlist), folget in nominaasjebekendmakking fan 6 titels en letter in winner. De seleksje fan titels en skriuwers bart troch in sjuery fan 5 persoanen, dy't gearstald wurdt troch de inisjatyfnimmer fan de priis, Stichting Literatuer Priis.

De sjueryfoarsitter makket healwei maart yn de Nije Tsjerke yn Amsterdam de shortlist fan 6 titels bekend. De priis wurdt mids maaie útrikt op in galadiner yn de Spegelseal fan it Amstel Hotel yn Amsterdam. De auteur fan it winnend boek kriget in oarkonde en in bedrach fan € 50.000. De auteurs fan de oare fiif boeken krije € 2500 de man.

Mei de AKO Literatuerpriis en de Gouden Uil hat de Libris Literatuer Priis in heech prizejild.

Yn 2008 waard foar 't earst in graphic novel, in literêr stripboek, nominearre (Verder fan Marc Legendre) en is de priis foar it earst oan in ferhalebodel takend (D. Hooijer - ''Sleur is een roofdier).

In stik as wat dagen nei de útrikking oan Bernard Dewulf yn 2010, makke de stichting bekend dat de priis fan dat stuit ôf oan allinne beskikber wêze sil foar literêre romans om sadwaande it tal ynstjoerings te beheinen.

Untfangers en titels JierLânAuteurBoekISBN koadeISBN eboekISBN harkboek1994Frida VogelsDe harde kernISBN 9789028208421 - -1995Thomas RosenboomGewassen vleesISBN 9789021437187ISBN 9789021436173 -1996Alfred KossmannHuldigingenISBN 9789021471570 - -1997Hugo ClausDe geruchtenISBN 9789023463023ISBN 9789023443292 -1998J.J. VoskuilHet bureau 3: PlanktonISBN 9789028209558 - -1999Harry MulischDe procedureISBN 9789023466949ISBN 9789023447696 -2000Thomas RosenboomPublieke werkenISBN 9789041707178ISBN 9789021436197 -2001Tomas LieskeFranklinISBN 9789021472928 - -2002Robert AnkerEen soort EngelandISBN 9789078432272 - -2003Abdelkader BenaliDe langverwachteISBN 9789079487042 - -2004Arthur JapinEen schitterend gebrekISBN 9789029573641ISBN 9789029568579ISBN 97890544457532005Willem Jan OttenSpecht en zoonISBN 9789028240377 - ISBN 97890544413972006K. SchippersWaar was je nouISBN 9789021480367ISBN 9789021436234ISBN 97890476006262007Arnon GrunbergTirzaISBN 9789038890593ISBN 9789038891514 ISBN 97890778583872008D. HooijerSleur is een roofdierISBN 9789028240711 - -2009Dimitri VerhulstGodverdomse dagen op een godverdomse bolISBN 9789025429539ISBN 9789025431181ISBN 97890254297682010Bernard DewulfKleine dagenISBN 9789045015798ISBN 9789045068510 -2011Yves PetryDe maagd MarinoISBN 9789023472957ISBN 9789023449072 -2012A.F.Th. van der HeijdenTonioISBN 9789023459545ISBN 9789023467014 -2013Tommy WieringaDit zijn de namenISBN 9789023472698ISBN 9789023475712 -2014Ilja Leonard PfeijfferLa SuperbaISBN 9789029587273ISBN 9789029587471 -2015Adriaan van DisIk kom terugISBN 9789025444532 - -2016Conny PalmenJij zegt hetISBN 9789044628104ISBN 9789044629088-2017Alfred BirneyDe tolk van JavaISBN 9789044536447ISBN 9789044536454-2018Murat IsikWees onzichtbaarISBN 9789041422903ISBN 9789026338052ISBN 97890476253222019Rob van EssenDe goede zoonISBN 9789025453411ISBN 9789025453428 -2020Sander KollaardUit het leven van een hondISBN 9789028290082ISBN 9789028291089 -2021Jeroen BrouwersCliënt E. Busken ISBN 9789025455941ISBN 9789025456276ISBN 97890254585222022Mariken HeitmanWormmaan ISBN 9789025470722ISBN 9789025470739ISBN 9789025472597

Keppelings om utens Offisjele webside Librisprijs voortaan alleen voor romans nrc boeken, 3 juny 2010

Kategory:Nederlânske literatuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1994