De feltenwrotmûs of Feltens wrotmûs (wittenskiplike namme: Microtus felteni) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e ûndergrûnske wrotmûzen fan de Alde Wrâld (Terricola).

Dizze soarte komt foar yn Jeropa, op 'e súdwestlike Balkan. Syn ferspriedingsgebiet omfiemet Albaanje, Kosovo, Montenegro, Servje, Masedoanje en Grikelân.

De feltenwrotmûs waard yn 1963 foar it earst beskreaun en erkend, mar sûnt is der net in protte ûndersyk nei dien, en neffens de IUCN binne der te min gegevens oer beskikber om in ynskatting oer de status te meitsjen. De feltenwrotmûs wurdt soms beskôge as in ûndersoarte fan 'e saviwrotmûs (Microtus savii).

Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Fjildmûs Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Servje