De Tatrawrotmûs (wittenskiplike namme: Microtus tatricus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e ûndergrûnske wrotmûzen fan de Alde Wrâld (Terricola). Dizze soarte komt foar yn beskate bercheftige kriten fan East-Jeropa.
Algemiene beskriuwing De populaasje fan 'e Tatrawrotmûs falt útinoar yn twa ûndersoarten. Dêrfan libbet Microtus tatricus tatricus yn 'e Tatra, op 'e grins fan Poalen en Slowakije, wylst Microtus tatricus zykovi fierder nei it súdeasten foarkomt, yn 'e Karpaten fan 'e Oekraïne en Roemeenje. Tatrawrotmûzen libje op hichten fan tusken de 650 en 2.350 m. Se jouwe de foarkar oan in biotoop fan fochtige en rotsige berchgreiden of fan nullewâld heech yn 'e bergen.
De Tatrawrotmûs is it naust besibbe oan Alpine soarten wrotmûzen, lykas de Beierske wrotmûs en de liechtensteinwrotmûs. It âldst bekende fossyl fan 'e Tatrawrotmûs datearret út it Holoseen. De soarte hat de IUCN-status fan "gefoelich", fanwegen syn beheinde en fersnipele ferspriedingsgebiet. De populaasje wurdt rûsd op 200.000-250.000 eksimplaren, en liket stabyl te wêzen.
Undersoarten Der binne twa erkende ûndersoarten fan 'e tatrawrotmûs: Microtus tatricus tatricus Microtus tatricus zykovi
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Fjildmûs Kategory:Bedrige sûchdier Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije