It Universitêr Medysk Sintrum Grins (Nederlânsk: Universitair Medisch Centrum Groningen), ornaris ôfkoarte ta UMCG, is in sikehûs yn Grins. De trije kearntaken binne sûnenssoarch, ûnderwiis en ûndersyk. It sikehûs stiet yn de Grinzer wyk Sintrum.
It UMCG is it gearwurkingsferbân dat op 13 jannewaris 2005 ûntstien is tusken it eardere Akademysk Sikehûs Grins (AZG) en de fakulteit Medyske Wittenskippen fan de Ryksuniversiteit Grins. It gebou fan it UMCG datearret fan 1997. Yn Nederlân binne de universiteiten ferantwurdlik foar it ûndersyk- en ûnderwiisbelied en de akademyske sikehuzen hawwe de ferantwurdliken foar pasjintesoarch, wurkplakfunksje en oplieding ta medysk spesjalist.
It sikehûs hat 1339 bêden en goed 12.871 wurkers yn 2017. It UMCG is ien fan de alve traumasintra yn Nederlân en hat in Mobyl Medysk Team ta syn foldwaan.
It UMCG makket diel út fan Nederlânske Federaasje fan Universitêr Medyske Sintra.
Keppelings om utens webstee fan it UMCG (patsintesoarch) webstee fan it UMCG (ûnderwiis en ûndersyk)
Kategory:Grins (stêd) Kategory:Ryksuniversiteit Grins Kategory:Sikehûs yn Nederlân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2005 Kategory:Bouwurk út 1997 Kategory:Bouwurk yn Grins (stêd)