thumb|It wapen fan it laach Fan Eeghen
Fan Eeghen is de namme fan in famylje mei in stambeam yn it genealogysk neislachwurk Nederlânsk Patrisiaat.
De famylje stammet oarspronklik út it West-Flaamske plak Kortemark.DG Aardenburg: Gevelsteen eindelijk thuis. Yn de 17e iuw festigen leden harren yn Steatsk-Flaanderen, wêrnei't de famylje om 1650 út West-Flaanderen wei oer Middelburch en Haarlim nei Amsterdam ferfear. Guonts rjochten dêr it keapmanshuis en letter bankiershûs, Van Eeghen & Co op.It bedriuw hjit no Bank Oyens & van Eeghen.
Fan 1795 oant 1818 wie Kastiel Beek en Hoff besit fan ferskate famyljeleden.Kastelen in Utrecht: Beek en Hoff.
Hjoed-de-dei wenje de telgen fan de famylje fral yn Amsterdam en omkriten. Meertens Ynstitút: Nederlandse Familienamenbank; Van Eeghen.
De genealogy fan it laach is opnaam yn it Nederland's Patrisiaat; efterelkoar yn de twadde jiergong (1911), yn de tsiende jiergong (1919) en yn de fiifenfjirtichste jiergong (1959). CBG: Lijst van alle patricische families.
Bekende leden In kar: Christiaan Pieter van Eeghen (1880-1968), presidint fan De Nederlandsche Bank Christiaan Pieter van Eeghen (1816-1889), keapman en filantroop Ernst van Eeghen (1920-2007), sakeman en diplomaat Esmée van Eeghen (1918-1944), fersetsstriidster Henri Louis van Eeghen (1887-1976), keapman en bankier Hester van Eeghen (1958), moade-ûntwerpster Isabella Henriette van Eeghen (1913-1996), argivaris en histoarika Jacob van Eeghen (1818-1834), dichter Sam van Eeghen (1853-1934), bankier en politikus
Kategory:Nederlânsk patrysjerslaach