Jan Eisenga (Koartsweagen, 11 maart 1908 - Ljouwert, 5 maaie 1943) wie in Frysk ûnderwizer, skriuwer en dichter.
Eisenga skreau essays, resinsjes en kollumns yn de krante Woudklank. Teffens wie er bestjoerslid fan it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse, aktyf yn it Hielûnthâldersbûn en de pleatslike polityk. Hy hoold in oarlochsdeiboek In kopy fan it deiboek wurdt bewarre by it Nederlânsk Ynstitút foar Oarlochsdokumintaasje (NIOD) by dat nei syn dea troch syn frou Tsjitske Eisenga-de Groot († Boalsert, 1973) fuortset wurde soe.
Jan Eisenga wie ûnderwizer op de Legere Skoalle yn De Gordyk. Yn ferbân mei de april/maaiestaking fan 1943 rôp er de âlders op om harren bern thús te hâlden om sa stipe foar de staking sjen te litten. Hy besocht ek guon kollega's oer te heljen om mei te staken. Eisenga waard lykwols ferret en nei it SD-haadkertier yn Ljouwert brocht. Eisenga waard op 5 maaie 1943 by de âlde sjitbaan oan it Kalverdijkje yn Ljouwert fusillearre (tegearre mei Harm Bos). Syn lichem is nea weromfûn, mar moat mei in protte oaren begroeven wêze by de Appelbergen by Glimmen yn Drinte.
Neitins Op 13 july 1946 kaam der in koperen betinkplaat yn de skoalle dêr't Eisenga lesjûn hie. Yn 1978 krige de betinkplaat in plakje yn it Museum Opsterlân.
De tekst op de betinkplaat seit:
'TA IN OANTINKEN OAN JAN EISENGA MASTER OAN DIZZE SKOALLE
FALLEN YN 'E MAEIJEDAGEN FAN 1943
IN SOAN FAN SYN FOLK IN MASTER SA 'T HEART IN STRIDER FOAR RJOCHT EN FRIJDOM.'Gorredijk, monument voor Jan Eisenga
Oer him ferskynde yn 2013 in biografy fan de hân fan Roel T. van der Heide fan Oerterp.
Wurk Samling proaza en poëzy, 1948; útjouwerij Laverman, Drachten.
Keppelings om utens Jan Eisenga yn de DBNL
Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk deiboekskriuwer Kategory:Frysk essayist Kategory:Frysk literatuerkritikus Kategory:Frysk kollumnist Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Frysk misdieslachtoffer Kategory:Persoan dy't stânrjochtlik eksekutearre is Kategory:Persoan berne yn Koartsweagen Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:De Gordyk Kategory:Persoan berne yn 1908 Kategory:Persoan stoarn yn 1943