It Opper-Sû Yndianereservaat (Ingelsk: Upper Sioux Indian Reservation; Eastlik Dakota: Pežuhutazizi) is it reservaat fan 'e federaal erkende Opper-Sû Mienskip (Upper Sioux Community) yn 'e Amerikaanske steat Minnesota.

Algemien It reservaat leit yn it suden fan 'e steat, oan 'e rivier de Minnesota, yn Yellow Medicine County. Neffens offisjele gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe mar 57 minsken. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn Granite Falls, dat feitliken 8 km benoarden it reservaat leit. It Opper-Sû Reservaat hat in oerflak fan mar justjes mear as 5 km².

Skiednis De namme fan it reservaat komt fan it feit dat der oarspronklik, yn 'e njoggentjinde iuw, fan 1851 ôf oan 'e rivier de Minnesota twa reservaten fan 'e Sû-Yndianen wiene, wêrfan't dat streamop "Opper Sû" (Upper Sioux) neamd waard, en dat streamôf "Neder-Sû" (Lower Sioux). Nei de Dakota-Oarloch fan 1862 waard it Opper-Sû Reservaat lykwols opheft. It reservaat yn syn hjoeddeistige foarm kaam ta wêzen doe't yn 1938 746 acres (3 km²) grûn weromjûn waard oan 'e Yndianen.

Hjoed de dei De Opper-Sû Mienskip hat op syn reservaatlân, dat bûten it Minnesotaanske steatsferbod op gokken falt, in eigen kasino sette litten, it Prairie's Edge Casino Resort. Elts jier yn juny hâldt de stamme yn it reservaat syn tradisjonele wačipi (powwow of folksgearkomste).

Kategory:Dakota-reservaat Kategory:Yndianereservaat yn Minnesota Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1851 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1862 Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1938