It Prairie Island Yndianereservaat (Ingelsk: Prairie Island Indian Reservation; Eastlik Dakota: Tiŋta Wiŋta) is it reservaat fan 'e federaal erkende Prairie Island Yndianemienskip (Prairie Island Indian Community) yn 'e Amerikaanske steat Minnesota.
Geografy en demografy It reservaat leit yn it súdeasten fan 'e steat, oan 'e bopperin fan 'e rivier de Mississippy, binnen de beboude kom fan 'e stêd Red Wing, yn Goodhue County. Neffens offisjele gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe 199 minsken yn it reservaat. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn Welch, yn it noarden fan Goodhue County, dêr't in protte fan 'e fersille lapkes bûtenreservaatsk beheargebiet lizze, al binne dy ek te finen yn it easten fan Dakota County. It eigentlike Prairie Island Reservaat hat in oerflak fan mar likernôch 2½ km², al wurdt dy grutte hast ferdûbele as men it bûtenreservaatsk beheargebiet meirekkenet.
Skiednis It Prairie Island Reservaat waard stifte yn 1889, mei grinzen dy't meitiid nochal wat feroaring ûndergien hawwe. Grutte dielen fan it reservaat giene ferlern doe't it Korps Sjeny fan it Amerikaanske Leger yn 1938 de saneamde Slûs en Daam Nr. 3 yn 'e rivier oanlei, dy't de befarheid fan 'e Boppe-Mississippy ferbetterje moast, mar dy't der teffens foar soarge dat grutte stikken lân derûnder strûpten troch de ferhege wetterstân. Yn 1973 waard de kearnsintrale fan Prairie Island fuortby it reservaat boud.
Ekonomy De Prairie Island Yndianemienskip loek belangstelling troch syn beslút om tsjin betelling yn it reservaat radioaktyf ôffal yn stielene fetten boppegrûnsk op te slaan. Fierders driuwt de stamme op syn reservaatlân, dat bûten it Minnesotaanske steatsferbod op gokken falt, it Treasure Island Resort & Casino, oan 'e igge fan 'e Mississippy, benoarden Red Wing.
Kategory:Dakota-reservaat Kategory:Yndianereservaat yn Minnesota Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1889