De Prairie Island Yndianemienskip (Ingelsk: Prairie Island Indian Community) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Minnesota.
Algemien De langere namme fan "Prairie Island Yndianemienskip yn de Steat Minnesota" wurdt ek wol brûkt. De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1889, hat 700 leden, en it haadkertier is fêstige yn Welch, yn Minnesota. De leden besteane út etnyske Sû (Sioux), allegearre Eastlike Dakota fan 'e Mdewakanton- en Wahpekûte-stammen.
Reservaat It reservaat fan 'e Prairie Island Yndianemienskip is it lytse Prairie Island Yndianereservaat (Prairie Island Indian Reservation) fan súdeastlik Minnesota, oan 'e grins mei Wiskonsin, dat in oerflak hat fan mar justjes mear as 4 km², en dêr't yn 2000 likernôch 200 minsken wennen. It reservaat leit fierhinne ýn de stêd Red Wing, oan 'e bopperin fan 'e rivier de Mississippy, al binne de bûtenreservaatske beheargebieten fan 'e stamme bûten Red Wing fersille, foar in part deunby Welch, dêr't it stammehaadkertier fêstige is.
Skiednis De Prairie Island Yndianemienskip is ien fan fjouwer lytse, federaal erkende Sû-stammen yn súdlik Minnesota, dy't de restanten foarmje fan 'e Eastlike Dakota, de oarspronklike bewenners fan dat gebiet. Nei de Dakota-Oarloch fan 1862 waarden hja lykwols foar it meastepart út har heitelân wei deportearre nei de Dakota's en Nebraska, al namen party eigener beweging de wyk nei Kanada.
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Prairie Island Yndianemienskip
Kategory:Dakota-stamme Kategory:Amerikaanske Yndianestamme mei federale erkenning Kategory:Yndiaanske stamme-organisaasje yn Minnesota Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1889