It modern heidendom of Westersk heidendom, ek wol kontemporên heidendom, hjoeddeistich heidendom of neopaganisme neamd, is in oerkoepeljende term foar alle ûnderskate tsjintwurdige godstsjinsten yn 'e Westerske wrâld dy't weromgripe (of sizze werom te gripen) op 'e prekristlike, heidenske leauwensoertsjûgings fan Jeropa, it Heine Easten en in grut part fan 'e eardere Sovjet-Uny. Dy religyen foarmje in grut ferskaat en komme inkeld yn 'e meast algemiene sin mei-inoar oerien. It modern heidendom is wol omskreaun as "in synteze fan histoaryske ynspiraasje en hjoeddeistige kreätiviteit", en de oanhingers fan 'e religyen dy't derta rekkene wurde, stypje yn ferskillende mjitte op prekristlike folkloristyske en etnografyske boarnen.

Etymology De term "heidendom" (fan Aldfrysk hēthin) wie eartiids in oantsjutting foar alle godstsjinsten dy't bûten de joadsk-kristlike kontekst foelen, soms mei útsûndering fan 'e islaam fanwegen it leauwen yn ien en deselde God. It Germaanske wurd "heiden" is ôflaat fan "heide", en hat nei alle gedachten fan oarsprong "heidebewenner" betsjut, d.w.s. immen fan 'e ûnbewurke grûn, in barbaar dus. It Latynske paganus (ferlykje pagan, dat yn it Ingelsk bestiet njonken heathen) betsjutte oarspronklik "plattelânsbewenner", in ôfspegeling fan 'e iere fersprieding fan it kristendom, dat yn 't earstoan benammen oanhing yn 'e stêden hie.

Hjoed de dei hjitte grutte religyen lykas it hindoeïsme en it boedisme yn it kristlike spraakgebrûk net mear "heidenske", mar "net-kristlike" godstsjinsten, om't de oantsjutting "heidensk" tsjintwurdich oer it algemien as denigrearjend of lytsachtsjend ûnderfûn wurdt en men (alteast yn guon fermiddens) ta de konklúzje kommen is dat alle wrâldgodstsjinsten op in beskate manear in iepenbiering fan God oerbringe. Ut in selde nij respekt komt de term "net-leauwenden" foar ateïsten fuort, dy't yn it ferline ek "heidens" neamd waarden.

Sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw is de term "heidendom" (of ek wol "paganisme") lykwols as in soarte fan geuzenamme oannommen troch de religieuze streamings dy't weromgripe op prekristlike eleminten yn 'e Westerske kultuer. De term "neopaganisme", dy't benammen yn 'e Ingelsktalige wrâld tige ynboargere is, wurdt troch in diel fan 'e modern heidenske leauwenden (te witten de oanhingers fan 'e rekonstruksjonistyske streamings) ôfwiisd om't it foarheaksel "neo-" ymplisearret dat it om folslein nije godststjinsten gean soe, wylst hja úthâlde dat harren leauwe in fuortsetting is fan 'e prekristlike praktiken fan harren foarâlden.

Leauwensoertsjûgings It modern heidendom kin opdield wurde yn twa grutte groepen. De synkretistyske of eklektyske (frij ûntlienende) religyen, dy't der gjin geheim fan meitsje dat se folslein moderne kreaasjes foarmje of mar amperoan yn histoaryske godstsjinstige praktiken grûne binne, foarmje ien útein fan it spektrum. Dêrta hearre de wicca (of moderne hekserij), it neodruïdisme en it neosjamanisme. Oan 'e oare kant steane de saneamde etnyske religyen, dy't foar it oergrutte diel rekonstruksjonistysk binne; d.w.s. dat se bewust sa folle mooglik op it ferline weromgripe. Dat binne it moderne Germaanske heidendom, it moderne Keltyske heidendom, it moderne Slavyske heidendom, ensfh.

De leauwensoertsjûgings en leauwenspraktiken fan 'e ûnderskate modern heidenske streamings ferskille withoefolle faninoar, mar dochs binne der guon dingen dy't se allegear gemien hawwe. Foar in grut part binne dat dingen dy't ûntbrekke. Sa besteane der gjin hillige teksten yn dizze religyen, lykas de Bibel foar it kristendom, de Koraan foar de islaam en de Bhagavad Gita foar it hindoeïsme. Likemin hawwe se religieuze learstikken of dogma's, of in hierargysk opboude geastlikheid om sokke dogma's fan boppe-ôf oan 'e leauwenden op te lizzen. De oanhingers hâlde har mar komselden dwaande mei teology, en men is yn prisipe frij om te leauwen sa't en hoe't men mar wol. Sinding of missy, it aktyf útdragen fan it eigen leauwe, wurdt troch heidens net of frijwol net oan dien.

Frijwol alle religyen fan it modern heidendom omfetsje in foarm fan polyteïsme, it leauwen yn mear as ien god. De rekonstruksjonistyske religyen gripe dêrby yn 'e regel werom op it oarspronklike panteön fan ien beskate etnyske groep. De synkretistyske en eklektyske groepen kenne faak in beheindere foarm fan 'e goadewrâld. Sa hat it adonisme in panteön fan fiif goaden mei Adonis as fierwei de wichtichste fan it kwintet, wylst de wicca in duoteïstyske godstsjinst is, dy't de minsklike seksuële polariteit weromfynt yn 'e Trijefâldige Goadinne en de Hoarne God. Dêrby bestride dy beide archetypes inoar net, mar folje se inoar krekt oan, allyk it âlde Sineeske prinsipe fan jin en jang. Yn 'e goadinnebeweging wurdt mar ien godheid fereare (de Ierdmem), al wurdt dêrmei it bestean fan oare goaden net ûntstriden, en kin dus net sprutsen wurde fan monoteïsme. Krektoarsom, in protte moderne heidens leauwe dat polyteïsme in essinsjeel ûnderdiel fan harren religy is, wêrfan't de bredere ynfiering de Westerske maatskippij as gehiel witwat goed dwaan soe, mei't se it dominante monoteïsme as bekrompen en ynherint ûnderdrukkend beskôgje.

Fierders ynkorporearje de ûnderskate religyen fan it modern heidendom gauris foarmen fan animisme en/of panteïsme, wêrby't men it godlike yn 'e natoer weromsjocht fanút it prinsipe dat hiel it hielal mei-inoar ferbûn is. Wat it hjirneimels oangiet, leauwe de measte modern heidenske religyen yn it bestean fan in minsklike geast of siel dy't de dea fan it lichem oerlibbet. It leauwen yn reynkarnaasje komt in protte foar, mar mear yn 'e synkretistyske as de rekonstruksjonistyske godstsjinsten. Noarmen en wearden yn it modern heidendom rinne wiid útinoar, mar foar it meastepart kinne se lykslein wurde mei de saneamde Wiccan Rede, dy't hawwe wol dat men mar dwaan moat wat men wol, salang't men der nimmen kwea mei docht.

Leauwenspraktyk In protte heidenske rituëlen binne der op talein om in feroare steat fan bewustwêzen op te roppen, en stypje dêrom swier op dingen as oanhâldend trommeljen, chanten, sjongen, dûnsjen en meditaasje. Hjeldagen binne oer it algemien bûn oan 'e tiden fan it jier, mei midsimmer, midwinter, de hjerstevening en de maitydsevening as meast foarkommende gefallen, mar fierders ek gelegenheden as siedzjen, rispjen, ensfh.

Leauwe yn magy of magyske rituëlen en tsjoenderij libbet by in oansjenlik diel fan 'e heidenske mienskip, al wurdt soks by fierder freegjen yn 'e regel sa dizenich definiëarre dat it wol fan alles betsjutte kin. Aleister Crowley, de oprjochter fan 'e thelemabeweging, omskreau it as "de wittenskip en keunst fan it soargjen dat der him in feroaring foardocht yn oerienstimming mei de wil".

Skiednis De woartels fan it moderne heidendom lizze yn 'e Renêssânse, doe't der mei it weromgripen op 'e Klassike Aldheid ek nije ynteresse ûntstie foar de mytologyen en it polyteïsme fan 'e Alde Griken en Romeinen. Hoewol't it dêrby inkeld gie om akademyske belangstelling en der gjin sprake wie fan it nij libben ynblazen fan 'e eigentlike leauwensoertsjûgings út it ferline, die de Renêssânse syn namme ear oan as "werberte" fan 'e ûnderskate filosofyen út 'e Aldheid, mei as wichtichste it platonisme en it epikurisme. De reyntroduksje dêrfan waard wol omskreaun as in "nij heidendom" yn 'e skiednis fan 'e filosofy.

De Romantyk fan 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw late ta de werûntdekking fan Aldierske en Aldnoarske literatuer en poëzij. It neodruïdisme fûn syn oanbegjin sels al earder, yn 1717, doe't yn Grut-Brittanje The Druid Order oprjochte waard. Yn it Fiktoriaanske Tiidrek fan 'e njoggentjinde iuw fûn der yn Grut-Brittanje in weroplibbing fan belangstelling yn 'e Wytsingen plak, dy't yn Skandinaavje oersloech ta in nije grutskens op it romrofte ferline. Underwilens wie yn Dútslân de Völkische beweging geande. Al dy streamings dy't weromgriepen op 'e heidenske skiednis foelen gear mei in út 'e Romantyk fuortkommende ynteresse yn folkloare en okkultisme, it rûnom opdûken fan heidenske tematyk en motiven yn 'e literatuer, en ek de opkomst fan it nasjonalisme as politike streaming.

Yn it Feriene Keninkryk hie it neodruïdisme tsjin dy tiid aardich de wyn yn 'e seilen, wylst ek oare groepen har opwachting makken, lykas de Hermetic Order of the Golden Dawn en de Ordo Templi Orientis, dy't it kristlik leauwe synkretisearje woene mei eksoatyske eleminten út 'e Egyptyske kosmology en de joadske kabbala, sij it net needsaaklikerwize poer út religieuze omtinkens. Under ynfloed fan it boek The Golden Bough, fan 'e foaroansteande antropolooch sir James George Frazer wiene ferskate promininte skriuwers en keunstners by dy organisaasjes belutsen, wêrûnder William Butler Yeats, Maud Gonne, Arthur Edward Waite en Aleister Crowley.

Njonken sokke iere okkulte groepen diene har yn it Grut-Brittanje fan 'e lette njoggentjinde en iere tweintichste iuw noch oare maatskiplike ferskynsels foar, lykas de grutte en wiid fersprate belangstelling yn mediums (troch wa't men mei de ferstoarnen kommunisearje kinne soe), spiritisme, magy en oare boppenatuerlike dingen. In wichtige bykommende faktor wie de estetyske beweing fan 'e Romantyk, dy't de natuerlike wrâld fereare, en dêrby gauris ferwiisde nei de goaden út 'e Aldheid. De dichters, essayisten, keunstners en skriuwers dy't sokke tema's yn harren wurk oanhellen, waarden letter assosjearre mei maatskiplik foarútstribjende ideeën oer seksualiteit, feminisme, pasifisme en oare, soartgelikense saken.

Yn 'e 1920-er jierren oppenearre de antropologe Magaret Murray de teory dat der temûk troch de iuwen hinne in ûndergrûnske heksereligy bestien hawwe moast, dy't it tiidrek fan 'e hekseferfolgings oerlibbe hie. Hoewol't de hiele essinsje fan temûke ûndergrûnskheid it tige dreech makket om bewiismateriaal te finen dat dizze stelling oertsjûgjend ûntkrêftsje kin, leauwe de measte hjoeddeistige histoarisy dat Murray it by de ferkearde ein hie. Hja basearre har nammentlik foar in part op 'e oerienkomsten yn 'e ferklearrings dy't de slachtoffers fan 'e hekseferfolgings by ûnderfreging troch de autoriteiten joegen; men is no fan tinken dat dy oerienkomsten feroarsake waarden trochdat der by de ûnderfreging fan "heksen" gebrûk makke waard fan in standertfragelist dy't yn ferskate troch de Roomsk-Katolike Tsjerke produsearre hânliedings ôfprinte waard. Likegoed hiene Murray har ideeën grutte ynfloed op beskate heidenske streamings yn 'e Britske maatskippij.

Yn 'e 1940-er jierren skreau de Ingelsman Gerald Brosseau Gardner ferskate ynfloedrike boeken oer syn ûnderfinings nei't er inisjearre wêze soe yn in coven of heksekring yn it Súdingelske New Forest. In fierdere stimulâns wie de ôfskaffing fan 'e wetten tsjin hekserij yn it Feriene Keninkryk, yn 1951. Fan dy tiid ôf fersprate de wicca him troch Grut-Brittanje, en letter ek troch de Feriene Steaten, û.m. troch it krewearjen fan Alex Sanders, Sybil Leek en Doreen Valiente. It neodruïdisme sette syn opmars ek fuort, en telde û.m. de Britske minister-presidint Winston Churchill ta syn folgelingen.

Underwilens hie de njoggentjinde-iuwske Dútske mystyk him yn Dútslân en Switserlân ûntjûn ta barokke foarmen, lykas it armanisme fan Guido von List of it adonisme fan Franz Sättler. Fan 'e iere tweintichste iuw ôf ferraanden party fan dy bewegings (mar net allegear) mei antysemityske en letter nasjonaal-sosjalistyske streamings en waarden fan 'e tritiger jierren ôf grutdiels opnommen yn it nazy-okkultisme. De groepen dy't har tsjin oername troch it nasjonaal-sosjalistyske gedachteguod fersetten, lykas de Germanische Glaubens-Gemeinschaft fan Ludwig Fahrenkrog, waarden troch nazys ferbean.