De Spirit Lake Stamme (Ingelsk: Spirit Lake Tribe; Eastlik Dakota: Mni Wakáŋ Oyáte; útspr.: [m'ni wa'kã: o'ja:te], likrnôch: "m-ny ûa-kaang oo-jaa-tee") is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Noard-Dakota.
Algemien De organisaasje waard yn 1867 oprjochte en droech foarhinne de namme fan Devils Lake Stamme (Devils Lake Tribe), mar is om 2000 hinne omneamd fanwegen de negative assosjaasjes dy't it wurd devil ("duvel") by de measte lju oprôp.
De Spirit Lake Stamme hat 6.700 leden, en it haadkertier is fêstige yn Fort Totten, yn Noard-Dakota. De leden besteane út etnyske Sû (Sioux): Eastlike Dakota fan 'e Wahpeton- en Sisseton-stammen en Westlike Dakota fan 'e Opper-Janktonai-substamme fan 'e Janktonai. De Spirit Lake Stamme foarmet mei tsien oare Sû-organisaasjes de Feriene Sû Stammen.
Reservaat It reservaat fan 'e Spirit Lake Stamme is it Spirit Lake Yndianereservaat (Spirit Lake Indian Reservation) fan noardeastlik Noard-Dakota, dat foarhinne de namme fan Devils Lake Yndianereservaat droech en op guon lânkaarten oanjûn stiet as it Fort Totten Yndianereservaat. It hat in oerflak fan krapoan 1.300 km², en yn 2000 wennen likernôch 4.400 minsken.
Mei't it wat yn in ôfhandige úthoeke leit, mar frijwat isolearre fan grutte befolkingssintra, is it net in ryk reservaat, al beskikt it as boarne fan ynkomsten wol oer in kasino. It reservaat waard stifte yn 1867, doe't de Eastlike Dakota as gefolch fan 'e blanke kolonisaasjedruk en by wize fan repressaillemaatregel fanwegen de bloedige Dakota-Oarloch fan 1862 út harren foarâlderlike thúslân yn Minnesota ferdreaun waarden.
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Spirit Lake Stamme
Kategory:Dakota-stamme Kategory:Amerikaanske Yndianestamme mei federale erkenning Kategory:Yndiaanske stamme-organisaasje yn Noard-Dakota Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1867