George Armstrong Custer (New Rumley (Ohio), 5 desimber 1839 – oan 'e rivier de Little Bighorn, deunby Crow Agency (Montana), 25 juny 1876) wie in Amerikaansk militêr dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch en de Flakte-Yndiaanske oarloggen namme makke as kavalerykommandant. Yn 'e Boargeroarloch focht er foar it Noarden en wied er behelle yn ferskate wichtige fjildslaggen, wêrûnder de Earste Slach by Bull Run, de Slach by Antietam en de Slach by Gettysburg. Hy berikte de rang fan generaal-majoar, mar waard nei de oarloch fanwegen in oerskot oan ofsieren yn rang weromset ta luitenant-kolonel. Nettsjinsteande syn domdrystens hie Custer tsjin dy tiid in ridlik solide militêre reputaasje opboud. Dy ferspile er lykwols neitiid troch de slachting dy't er yn 1868 ûnder de Súdlike Sjajinnen oanrjochte by it Bloedbad fan de Washita, en mear noch troch syn desastreuze rol yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, doe't er it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint nei de ûndergong late yn 'e Slach oan de Little Bighorn, dêr't er sels ek by sneuvele.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Custer waard yn 1839 berne yn New Rumley, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, as de soan fan boer en hoefsmid Emanuel Henry Custer (1806-1892) en dy syn frou Marie Ward Kirkpatrick (1807-1882). Oan syn heitekant stamme er ôf fan Paulus en Gertrude Küster, Dútske emigranten út it Rynlân dy't omtrint 1693 oerkommen wiene nei Amearika. Syn mem wie fan mingd Ingelsk en Skotsk etnysk komôf. Custer waard ferneamd nei de pleatslike predikant George Armstrong, mei't syn fromme heit hope dat Custer sels ek dûmny wurde soe. Custer wie de op ien nei âldste fan fiif bern. Hy hie ien âldere broer, Nevin, dy't in swakke sûnens hie, en twa jongere bruorren, Thomas en Boston, dy't allebeide yn 1876 mei him sneuvelje soene oan 'e Little Bighorn. Fierders hied er in jongere suster, Margaret, en ferskate âldere healbruorren en -susters.

In grut diel fan syn jonkheid brocht Custer troch yn Monroe, yn 'e steat Michigan, dêr't er ynwenne by in healsuster en sweager fan him, en dêr't er ek de legere skoalle trochrûn. Neitiid learde er fierder oan 'e McNeely Normal School, letter omneamd ta it Hopedale Normal College, yn Hopedale. Nei't er dêr yn 1856 foar syn eksamen slagge wie, joech er koarte tiid les oan in skoalle yn Cadiz, foar't er him ynskriuwe liet oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy yn West Point. Yn juny 1861 studearre er dêr ôf mei de minste sifers fan syn klasse fan 34 kadetten. Fanwegen it útbrekken fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, yn april 1861, en it tekoart oan oplate ofsieren dat dêrtroch ynienen ûntstie, duorre de oplieding fan syn klasse in jier koarter as dat gebrûklik wie. Dat wie ek de reden dat Custer net nei in ôfhandige legerpost yn nearnehuzen ta stjoerd waard, wat oars yn 'e regel it lot wie fan amper kompetinte ofsieren lykas him.

De Boargeroarloch Mei de rang fan twadde luitenant waard Custer nei syn ôfstudearjen fan West Point oansteld by it Amerikaanske 2e Kavaleryrezjimint. Mei dy ienheid naam er frijwol daliks diel oan 'e Earste Slach by Bull Run, dêr't er oarders oerbrocht fan 'e Noardlike befelhawwer, generaal Winfield Scott, oan dy syn ûnderhearrige, generaal-majoar Ivrin McDowell. Nei dy slach waard er oerpleatst nei it Amerikaanske 5e Kavaleryrezjimint, dêr't er by tsjinne ûnder it begjin fan 'e Skiereilânkampanje fan Firginia, yn 1862. Doe't it Noardlike leger as ûnderdiel fan dy fjildtocht de troepen fan 'e Konfederearre generaal Joseph E. Johnston efterfolge, ferkenden generaal John G. Barnard en syn stêf op 24 maaie 1862 in mooglik oerstekplak yn 'e rivier de Chickahominy. Custer wie tichtby genôch om Barnard mompeljen te hearren fan "Wist ik mar hoe djip oft it hjir is." Sûnder nei te tinken, joech Custer syn hynder de spoaren en dreau it de rivier yn. Hy hold yn 'e midden fan it wetter stil en draaide him om nei de ferstuivere generaal en oare ofsieren en rôp triomfantlik út: "Sá djip is 't hjir, generaal!" Sa'n dryste set, dat wie Custer ta de fuotten út.

Mar syn aksje lei him gjin wynaaien, want hy mocht mei fjouwer kompanjyen fan it 4e Ynfanteryrezjimint fan Michigan in oanfal oer de Chickahominy liede. Dy wraam slagge, en Custer naam 50 Konfederearre soldaten kriichsfinzen en makke de earste Konfederearre oarlochsflagge bút. Neitiid beneamde generaal George B. McClellan, de befelfierder fan it Noardlike Leger fan de Potomac, him ta ien fan syn adjudanten mei de tydlike rang fan kaptein. Nei't McClellan yn novimber 1862 fan syn befel ûntheft wie, waard Custer lykwols yn rang weromset ta earste luitenant. Hy rekke doe ûnder ynfloed fan generaal-majoar Alfred Pleasonton, dat in kavalerykommandant wie dy't bekend stie om syn ekstravagante unifoarmen. Custer ûntjoech him ta de protezjee fan dy man, en stiek hiel wat fan him op.

Nei de Slach by Chancellorsville krige Pleasonton it befel oer it hiele kavalerykorps fan it Leger fan de Potomac, en hy naam Custer mei nei syn nije kommando. De kavalery krige oarders om it Konfederearre Leger fan Firginia op te spoaren, dat ûnder befel fan generaal Robert E. Lee troch de Shenandoah-delling opteach nei it noarden yn 'e iepeningsfaze fan de Gettysburg-kampanje. Yn syn earste kavalerykommando begûn Custer ûnder ynfloed fan Pleasonton in opsichtich, personalisearre unifoarm te dragen wêrmei't er syn ûnderhearrigen yn 't earstoan fan him ferfrjemde. Mar trochdat er eigenhandich oanfallen oanfierde (yn tsjinstelling ta in soad ofsieren dy't har mannen derop ôfstjoerden, mar sels fan in ôfstân taseagen), wist er harren foar him te winnen. Uteinlik begûnen se sels ûnderdielen fan syn unifoarm oer te nimmen, yn 't bysûnder syn opfallende reade halsdoek. It wie yn dy snuorje dat Custer himsels ûnderskate by ferskillende treffens, wêrûnder de Slach by Brandy Station en de Slach by Aldie.

Op 28 juny 1863, trije dagen foàr de Slach by Gettysburg, waard Custer fan kaptein ta brigadegeneraal fan 'e frijwilligers promovearre, nettsjinsteande it feit dat er frijwol noch gjin ûnderfining opdien hie yn in kommandoposysje. Dêrmei waard er mei 23 jier ien fan 'e jongste generaals yn it Noardlike Leger. Hy krige no it befel oer de Michigan Brigade, in kavalerybrigade fan 'e difyzje fan general Judson Kilpatrick, en focht yn 'e Slach by Hanover en de Slach by Hunterstown tsjin 'e Konfederearre kavalery fan generaal J.E.B. Stuart. Yn 'e Slach by Gettysburg focht Custer op 'e trêde dei op East Cavalry Field tsjin 'e Súdkarolynske brigade fan generaal Wade Hampton. Op in stuit waard dêrby syn hynder ûnder him wei sketten, en waard er mar krekt op 'e tiid rêden troch soldaat Norville Churchill, fan it 1e Kavaleryrezjimint fan Michigan, dy't nei him ta ried, syn neiste fijân delskeat en Custer de kâns bea om by him efterop it hynder te springen. Sa wûn de jonge generaal al rillegau de reputaasje in agressyf ofsier te wêzen, dy't ree wie om yn 'e striid persoanlike risiko's te nimmen.

Yn 1864 waard it Kavalerykorps fan it Leger fan 'e Potomac reorganisearre ûnder it befel fan generaal-majoar Philip Sheridan. As ûnderdiel fan dat korps wie Custer belutsen by ûnderstypjende aksjes yn it ramt fan 'e Oerlânske Kampanje. Dêrby naam er diel oan 'e Slach yn de Wyldernis, wêrnei't er it befel oer de 3e Kavalerydifyzje krige, en de Slach by Yellow Tavern, dêr't de Konfederearre kavalerykommandant J.E.B. Stuart deadlik ferwûne rekke. Yn 'e grutste kavaleryslach fan 'e oarloch besocht Sheridan yn 'e Slach by Trevilian Station om 'e befoarriedingsrûte oer it spoar tusken Firginia en it westen fan 'e Konfederaasje ôf te snijen. Dêrby makke Custer de bagaazjetrein fan Wade Hampton bút, mar weage him te fier nei foarren en waard ôfsnien, wêrnei't er swiere ferliezen litte (ynkl. syn persoanlike bagaazjetrein) foar't er troch Sheridan ûntset wurde koe.

Neitiid krige de Konfederearre luitenant-generaal Jubal Early it befel om op te tsjen troch de Shenandoah-delling om Washington, D.C. te bedriigjen. Dêrop waard Custer syn difyzje fannijs ynset troch Sheridan yn 'e saneamde Dellingkampanjes fan 1864, wêrby't se in Konfederearre oanfal ôfsloegen yn 'e Tredde Slach by Winchester en doe Early syn leger frijwol ferdylgen by Sheridan syn tsjinoanfal yn 'e Slach by Cedar Creek. Nei dy oerwinning kearde de Noardlike kavalery werom nei de haadmacht fan it Noardlike Leger, dy't belis slein hie foar Petersburg.

Nei in relatyf kalme lêste oarlochswinter begûnen de Konfederearre linys yn april 1865 einlings en te'n lêsten yn te stoarten, mei as gefolch de weromtocht fan Robert E. Lee nei it Gerjochtsgebou fan Appomattox. It wie de taak fan 'e Noardlike kavalery om 'e Súdliken by har ôftocht sa ticht mooglik op 'e hûd te sitten. Custer ûnderskate him dêrby yn 'e slaggen by Waynesboro, it Gerjochtsgebou fan Dinwiddie en Five Forks. Syn difyzje snie Lee op 'e lêste deis de pas ôf, en ûntfong de earste wite flagge fan 'e Súdliken. By de dêropfolgjende oerjefte fan Lee yn it Gerjochtsgebou fan Appomattox wie Custer persoanlik oanwêzich. De tafel dy't brûkt waard foar it ûndertekenjen fan 'e oerjefte fan 'e Konfederaasje troch Lee en de Noardlike legerkommandant, generaal Ulysses S. Grant, waard troch Sheridan oan Custer jûn, as presint foar syn frou. (Hjoed de dei is dy tafel te besichtigjen yn it Smithsonian Ynstitút yn Washington, D.C.)

Houlik Custer mette syn frou Elizabeth Clift Bacon (1842-1933) foar it earst doe't er tsien jier âld wie, mei't hja út Monroe, yn Michigan, kaam, dêr't hy opgroeide. Yn novimber 1862, doe't er mei ferlof yn Monroe wie, hied er him formeel oan har foarstelle litten. Nei't it skynt wie hja op it earste gesicht net botte fan him ûnder de yndruk, mar meitiid wist er har foar him te winnen. Har heit, de rjochter Daniel Bacon, seach lykwols neat yn in houlik fan syn dochter mei de soan fan in hoefsmid, en pas nei't Custer de rang fan brigadegeneraal berikt hie, joech dyselde syn tastimming. Custer en syn frou trouden op 9 febrewaris 1864. Harren houlik soe sûnder bern bliuwe.

Besettingsmacht Koart foar de ein fan 'e oarloch wie Custer, op 15 april, ta generaal-majoar beneamd, mar it wie dúdlik dat dat mar in tydlike rang wêze soe, om't der nei it ôfswaaien fan grutte oantallen troepen yn fredestiid in oerskot oan opperofsieren ûntstean soe. Op oantrún fan Sheridan akseptearre Custer yn juny 1865 it befel oer de 2e Kavalerydifyzje, dêr't er mei fan Alexandria, yn Louisiana, nei Hempstead, yn Teksas marsjearje moast, as ûnderdiel fan 'e Noardlike militêre besettingsmacht fan 'e eardere Konfederearre steaten. Beselskippe troch syn frou late er syn nije difyzje, dy't bestie út feteranen fan it Westlike of Mississippyfront, op in ôfmêdzjende achttjin dagen duorjende mars nei Teksas. Yn oktober teach er fierder op nei de Teksaanske steatshaadstêd Austin, dêr't er generaal-majoar Wesley Merritt ôfloste as kommandant fan alle Noardlike kavalery yn Teksas.

Syn nije troepen hiene net folle mei Custer op. Krektoarsom, der bestie sa'n slimme wriuwing tusken de generaal en syn soldaten, dat it hast ta in rebûlje kaam. De manskippen wiene leden fan frijwilligersrezjiminten dy't fûnen dat har wurk mei de ein fan 'e oarloch dien wie. Se woene ôfswaaie en nei hûs, en sieten net op in dandy-eftige snotnoas fan in generaal te wachtsjen dy't har it leksum lêze soe, alhielendal net op ien dy't oan it ferfijde Eastlike Front yn Firginia fochten hie. Uteinlik waard Custer syn difyzje yn novimber 1865 út tsjinst ûntslein, nei't syn troepen yn Teksas ferfongen wiene troch it reguliere Amerikaanske 6e Kavaleryrezjimint. Guon leden fan it 2e Kavaleryrezjimint fan Wiskonsin (in ûnderdiel fan 'e 2e Kavalerydifyzje) hiene tsjin dy tiid lykwols sa it grou op Custer, dat se nei harren ôfswaaien plannen makken om him yn in mûklaach te lokjen. Custer waard lykwols op 'e tiid warskôge en de plannen rûnen op 'e non.

Iere Yndiaanske oarloggen