Kraaiekening (Lakota: Kȟaŋǧí Yátapi, útspr.: [kˣã'ʁi: ja:'tapi] (eins "Brânende Medisynbondel" of "Ferbrân-de-Medisynbondel"); Ingelske namme: Crow King; ? – 5 april 1884) wie in opperhaad fan 'e Hûnkpapa-substamme fan 'e Lakota-Sû (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika.
Libben Hy wie in oarlochslieder te'n tide fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, en in opperhaad ûnder Sittende Bolle. Yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't de Yndianen it Amerikaanske leger in ferpletterjende nederlaach tabrochten, fierde Kraaiekening tachtich krigers oan tsjin 'e fiif kompanjyen fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint dy't laat waarden troch luitenant-kolonel George Armstrong Custer sels. Dêrby wurke er nau gear mei de opperhaden Mâl Hynder en Gal om Custer op Finley Ridge yn te sluten.
Kraaiekening stoar op 5 april 1884, neffens in berjocht yn 'e krante de Bismarck Tribune, oan quick consumption ("flugge tarring") feroarsake troch in lange ferkâldenens (dus longûntstekking?). Him waard neffens de roomske rituëlen it lêste sakramint tatsjinne. Wêr't syn grêf wie, is ûnbekend. Hy hie twa jonge dochters: Wezeling (Hiŋtuŋ Kasan, doopt Mary Laura Crow King, 1876-1889) en Read Hartejong (Tiŋgle Škaluta, doopt Emma Crow King, 1880-?).
Kategory:Yndiaansk lieder yn Noard-Amearika Kategory:Persoan yn de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 Kategory:Persoan yn it Wylde Westen Kategory:Persoan fan Lakota-komôf Kategory:Persoan berne yn de 19e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1884