It Esserveld (1924) is in begraafplak oan de Esserweg yn de gemeente Grins.

Esserveld waard oanlein oan de súdkant fan de stêd Grins, beëasten de Verlengde Hereweg, doe't begjin jierren tweintich fan de 20e iuw it Noarder- en Suderbegraafplak fol rekken.Gemeente Groningen - De geschiedenis van het begraven in Groningen It begraafplak is konsintrysk oanlein om in sintrale as fanôf de yngong hinne.

It poartegebou mei tagongsbrêge waard fanwege de gemeente boud neffens in ûntwerp fan Siebe Jan Bouma. It is boud yn de styl an de Amsterdamske Skoalle. Yn 1994 waard it hiele begraafplak mei poartegebou oanwiisd as ryksmonumint.

Op it Esserveld is 1946 in oarlochsmonumint set, dat makke waard fan byldhouwer Willem Valk (1898-1977).

In 2012 wie it Esserveld it djoerste begraafplak fan Nederlân.OOG Radio en TV, 12 maart 2012: Esserveld duurste begraafplaats in Nederland

Dêr beïerdige Hilmar Johannes Backer, (1882-1959), heechlearaar skiekunde oan de Ryksuniversiteit Grins Johan Dijkstra (1896-1978), keunstner K.H. Holthuis (1852-1942), arsjitekt T. Holthuis (1880-1937), arsjitekt Evert van Ketwich Verschuur (1879-1924), boargemaster fan Grins Evert van Linge (1895-1964), arsjitekt Henk Ridder (1918-1944), fersetsstrider Jan Schaper (1868-1934), SDAP-politikus Adrianus van Veldhuizen (1871-1935), heechlearaar teology oan de Ryksuniversiteit Grins Jan Werkman (1870-1929), fjildwachter, slachtoffer fjildwachtersmoard Gruttegast Henk Feldmeijer (1910-1945), Hauptsturmführer, Landstorm Nederland

Sjoch ek List fan ryksmonuminten yn Grins

Kategory:Begraafplak yn Grins Kategory:Ryksmonumint yn Grins (stêd) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1924