Agency Village is in doarp yn Roberts County, yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. It doarp leit in pear km besuden de stêd Sisseton. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2020 lei it ynwennertal fan Agency Village doe op 776 minsken.

Foarsjennings en eveneminten Agency Village is de sit fan it reservaatbestjoer fan it Lake Traverse Yndianereservaat (Lake Traverse Indian Reservation), fan 'e Sisseton en Wahpeton Sû Stamme (Sisseton and Wahpeton Sioux Tribe). Ek it Sisseton Wahpeton Kolleezje is yn it doarp fêstige. Elts jier krekt foar 4 july, de Amerikaanske Unôfhinklikheidsdei, fynt der in grutte iepenloft-powwow plak, dy't in protte toeristen lûkt.

Sjoch ek it Lake Traverse Yndianereservaat

Kategory:Plak yn Súd-Dakota Kategory:Plak stifte yn 1867