De Basilique du Sacré-Cœur (Basilyk fan it Hillich Hert fan Jezus) is in roomske basilyk op de heuvel Montmartre yn it 18e Arrondissement yn Parys. De tsjerke waard boud ta neitins oan de 58.000 deaden fan de Frânsk-Dútske Oarloch (1870-1871). De earste stien foar de bou waard lein yn it jier 1875, yn 1914 wie it bouwurk klear. De ynwijïng folge pas yn 1919, in jier nei de Earste Wrâldkriich.

De Montmartre is 129 meter heech. Hjoed-de-dei binne der in protte toeristen dy't de 222 treppen oprinne om fan de heuvel ôf oer de stêd te sjen. Dêrneist is der ek noch in kabelbaan om de heuvel op te kommen. Toeristen hoege foar de tsjerke gjin yntree te beteljen, de toer en de katakomben binne lykwols net fergees.

Keppeling om utens Offisjeel webstee

Kategory:Tsjerkegebou yn Parys Kategory:Basilyk yn Frankryk Kategory:Bouwurk út 1914 Kategory:Tsjerkegebou yn it aartsbisdom Parys Kategory:Roomsk-katolyk tsjerkegebou