Hendrik Heukels (Dimter, 11 septimber 1854 – Haarlim, 8 maart 1936) wie in Nederlâns learaar oan de kweekskoalle, ferskate HBS-en en floaraskriuwer.
Hendrik Heukels wie learaar oan de Rykskweekskoalle yn Nimwegen. Kennis fan de plante- en bistewrâld fûn er tige tige wichtich; dêrom fertaalde en bewurke er Otto Wünsche syn Schulflora von Deutschland foar Nederlân. Dy bewurking ferskynde as Heukels' Flora van Nederland. Yn 1900 ferskynde ek de Geïllustreerde schoolflora fan syn hân mei tekeningen fan planten en 1932 ferskynde der noch in ynkoarte ferzje fan dy floara. De floara soe de meast wichtige yn Nederlân wurde.
1933 ferskynde de lêste printinge fan de Schoolflora van Nederland. De oare twa floara (de yllustrearre en de koarte) waarden hieltijd op 'en nij printe.
Heukels wie 1901 ien fan de oprjochters fan de Koninklijke Nederlandsche Natuurhistorische Vereeniging.
Yn 1907 ferskynde syn Woordenboek der Nederlandsche volksnamen van planten. Dy útjefte soarge derfoar dat der in list mei offisjele Nederlânske plantenammen kaam. Dat joech mear dudlikens meidat alle plakken en goaen harren eigen (folks)nammen hiene (en hawwe).
Literatuer (1993): Zinkviooltjes en zoetwaterwieren, J. Heimans (1889-1978) Natuurstudie en natuurbescherming in Nederland. Hilfertsom ISBN 90-6550-364-1
Keppeling om utens HEUKELS, Hendrik (1854-1936)
Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk botanikus Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Sallânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1854 Kategory:Persoan stoarn yn 1936