Keninklike Wagenborg is in skipfeart - en transportûndernimming, fêstige te Delfsyl. Se waard yn 1898 oprjochte troch Egbert Wagenborg (1866 -1943). It is noch hieltyd eigendom fan de famylje Wagenborg en wurdt laat troch twa efterpakesizzers fan Egbert. Op 26 april 1999 krige de ûndernimming it predikaat Keninklik. It famyljebedriuw biedt in ferskaat oan maritime tsjinsten. Mei sa'n 230 farrende ienheden is Wagenborg aktyf yn de seefeart, offshore, sleeptsjinst, agentuur, maritime managementtsjinsten en ûnderhâldt sy de feartsjinsten nei It Amelân en Skiermûntseach. Oanfoljend is Wagenborg aktyf yn opslach en oerslach, kraanferhier en spesjaal en swier transport.
Fanút it haadkantoar yn Delfsyl hat Wagenborg in wrâldwiid kommersjeel netwurk opboud mei kantoaren yn Sweden, Finlân, Grikelân, Spanje, Kanada, Ruslân en de Filipinen.
Mei likernôch 3.000 wurknimmers betsjinnet Wagenborg as ien fan Nederlânske grutste rederijen klanten yn it Baltyske gebiet, Noardwest-Jeropa, de Middellânske See, Amearika en it Fiere Easten.
Skiednis Yn 1888 joech Egbert Wagenborg de skipsbouwer Berend Niestern te Martenshoek opdracht foar de bou fan syn earste skip. Dizze seetsjalk fan 80 ton, 24,65 lang en 4,95 m breed kaam yn april 1889 as Broedertrouw yn 'e feart. It fjirde skip fan Egbert, de Liberté, bestiet noch en wurdt sûnt 2009 yn in fleugel fan it haadkantoor tentoansteld.
Underdielen
Yn 2019 hie it bedriuw 2917 wurknimmers yn tsjinst, ferdield oer de folgjende difyzjes: Wagenborg Shipping, hat goed 170 skippen yn 'e feart Wagenborg Nedlift, hâldt him dwaande mei kraanferhier, spesjaal transport en projekten Wagenborg Passazjierstsjinsten, fiert feartsjinsten út tusken de fêste wâl en de waadeilannen It Amelân e Skiermûntseach Wagenborg Watertaxi BV, fan 2015 oant 2020 foar rap ferfier op oprop nei de eilannen. Wagenborg Stevedoring tsjinstferliener foar de offshore winyndustry, op - en oerslach fan ferskate lânbouprodukten. Wagenborg Bulkterminal Wagenborg Agency Wagenborg Offshore, jout ûndersteuning by offshore projekten Wagenborg Towage, fiert sleeptsjinsten en bergingswurksumheden op see út. Wagenborg Foxdrill
Kategory:Nederlânske rederij Kategory:Grinslân Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1898