Oso is in gemeentefrij plak yn Snohomish County yn de Amerikaanske steat Washington. It leit bewesten Darrington, besuden de noardlike ôfsplitsing fan de rivier de Stillaguamish en sa'n 80 km benoarden Seattle. It hie neffens de folkstelling fan 2010 in ynwennertal fan 180 minsken. It plakje is ferneamd wurden om de modderstream fan Oso op 22 maart 2014, sa'n 6 km beëasten fan it plak.http://www.usgs.gov/blogs/features/usgs_top_story/landslide-in-washington-state/?from=title Der wiene 30 minsken om it libben kommen en der misse noch sa'n 30 minsken. Dy modderstream wie útsein fulkaanútbarstings, ierdskoddings of ynstoarten fan damen de grutste modderstream yn de skiednis fan de Feriene Steaten.http://www.wunderground.com/blog/weatherhistorian/comment.html?entrynum=258
Kategory:Plak yn Washington Kategory:Plak yn Snohomish County (Washington) Kategory:Plak stifte yn de 19e iuw