250px|thumbnail|It Reade Leger yn 'e oanfal 250px|thumbnail|right|Strideraasje yn Lwow De Grutte Heitelânske Kriich (Russysk: Великая Отечественная война, Velikaja Otetsjestvennaja voina) fan 1941-1945 is de namme yn de steaten fan de eardere Sowjet-Uny foar de strideraasje yn de Twadde Wrâldkriich fan de Sowjet-Uny tsjin Nazi-Dútslân en syn bûnsgenoaten, dy't de feroveringskampanje mei de koadenamme Operaasje Barbarossa úteinsetten. De reden foar dy oanfal wie: it útrûgjen fan it bolsjewisme, dat se seagen as in komplot fan de Joaden; it ûnderwerpen, ferrinnewearjen en desimearjen fan de troch ferskate nazi's as ras minderweardich beskôge Slavyske befolking; it ynnimmen fan de natuerlike boarnen en it meitsjen fan libbensromte (Dútsk: Lebensraum) foar kolonisaasje troch it sabeare superieure Germaanske ras.

Begjin De kriich begûn foar de Russen yn de iere moarn flak foar sinne-opkommen op 22 juny 1941, doe't Dútslân, nettsjinsteande it net-oanfalsferdrach, de Sowjet-Uny yn foel mei trije grutte legergroepen. De Dútske oanfal wie fûl en mei rom 3 miljoen manskippen feroveren hja de tsjintwurdige steaten Moldaavje, Oekraïne, Wyt-Ruslân, Letlân, Litouwen, Estlân en in diel fan de Kaukasus. It Sowjetleger telde ek 3 miljoen manskippen oan de westgrins, mar wie net klear foar de oanfal en mocht boppedat fan Stalin gjin aksje ûndernimme, om't dy oant op it lêste momint besocht Hitler te net provosearjen. Yn de earste 3 wiken kamen 2 miljoen soldaten om. Mar it leger kaam der al fluch boppe-op: doe't Stalin fernaam dat Japan Singapore ynfoel en dus net de Sowjet-Uny oanfalle soe, koe er in soad goed treende troepen út Sibearje helje.

It omslachpunt It omslachpunt yn de Dútske fjildtocht wie de slach om Stalingrad dêr't de Dútsers harren oerjoegen nei't hja yn de ferdigening dreaun wiene troch de farske troepemacht út Sibearje. Ek yn it noardlik lizzende Leningrad waard in grutte oerwinning helle: de Dútsers waarden ferslein nei in belis fan 900 dagen. Yn 1943 luts de Russyske pânsere foarhoede oer de Dnjepr en ferovere it Reade Leger op 'e nij Kiev.

De ein De kriich einige op 9 maaie 1945 by de ûndertekening fan de Dútske oerjefte. Miljoenen Sowjetsoldaten stoaren yn de kriich tsjin Dútslân. Der wiene lykwols noch folle mear slachtoffers ûnder de boargers. Mei-inoar koste de kriich oan likernôch 26,6 miljoen Sowjet-minsken it libben.

Kategory:Militêr treffen yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Oarloch yn Jeropa Kategory:Oarloch yn de 20e iuw Kategory:Oarloch fan de Sovjet-Uny Kategory:Oarloch fan Mongoalje Kategory:Oarloch fan Tûva Kategory:Oarloch fan Dútslân Kategory:Oarloch fan Bulgarije Kategory:Oarloch fan Hongarije Kategory:Oarloch fan Itaalje Kategory:Oarloch fan Kroaasje Kategory:Oarloch fan Roemeenje Kategory:Oarloch fan Slowakije Kategory:Oarloch fan Spanje Kategory:Militêr treffen yn 1941 Kategory:Militêr treffen yn 1942 Kategory:Militêr treffen yn 1943 Kategory:Militêr treffen yn 1944 Kategory:Militêr treffen yn 1945 Kategory:Ruslân yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Oekraïne yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Wyt-Ruslân yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Estlân yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Letlân yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Litouwen yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Dútslân yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Hongarije yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Roemeenje yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Slowakije yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Itaalje yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Spanje yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Kroaasje yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Sovjet-Uny yn de Twadde Wrâldkriich