De Fryske Shakespeare Stifting wie in te Drachten fêstige frijwilligersorganisaasje en gelegenheidsútjouwerij. Hy waard oprjochte nei de tragyske dea fan oersetter Douwe Kalma, by in auto-ûngemak yn 1953, om 'e útjefte te fersoargjen fan Kalma syn fertalings yn it Frysk fan 'e toanielstikken en poëzij fan 'e wiidferneamde elizabetaanske Ingelske toanielskriuwer en dichter William Shakespeare.

Tusken 1955 en 1976 ferskynden Kalma syn oersettings ûnder de titel Shakespeare's Wurk yn acht mânske dielen, dy't Shakespeare syn hiele oeuvre omfetten ynsafier't dat doe bekend wie (it stik De Twa Aadlike Neven, dêr't pas frij resint fan fêst kommen is te stean dat it fan Shakespeare is, ûntbrekt yn dizze samling). Diel I o/m III beslane de Shakespeariaanske komeedzjes; diel IV omfettet de lêste komeedzjes en de earste fan 'e Shakespeariaanske histoaryske of keningsstikken; diel V beslacht de oare keningsstikken; diel VI en VII binne opmakke út 'e Shakespeariaanske trageedzjes; en yn diel VIII binne de lêste trageedzjes gearbrocht mei de Shakespeariaanske poëzij. De ôfsûnderlike dielen wiene net los te krijen; men moast jin ynskriuwe foar de hiele rige.

Yndieling fan Shakespeare's Wurk (Foar it doel fan dit artikel binne de titels oan 'e hjoeddeiske stavering oanpast; de oarspronklike titels kinne yn 'e boarnefernijing ûnderoan dizze side fûn wurde.) 1956: Diel I: Komeedzjes (werútjûn yn 2007, troch Utjouwerij Bornmeer yn gearwurking mei de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân, ûnder de titel: Trije Komeedzjes) 1956: In Komeedzje Fol Fersinnen 1956: Leafde's Lêst Net Leanne 1956: De Twa Eallju fan Verona 1959: Diel II: Komeedzjes 1959: De Fekke Nuet 1959: De Keapman fan Feneesje 1959: In Midsimmernachtdream (earder apart útjûn yn 1949) 1962: Diel III: Komeedzjes 1962: Ein Goed, Alles Goed 1962: De Fleurige Wyfkes 1962: Folle Spul om Neat 1962: Lyk om Lyk 1962: Nei Jim Beleavjen 1962: Trijekeningejûn thumb|right|200px|Douwe Kalma. 1963: Diel IV: Lette Komeedzjes en Keningsstikken 1963: Hindrik VI, Diel 1 1963: Hindrik VI, Diel 2 1963: Hindrik VI, Diel 3 1963: Richard III 1963: De Stoarm 1963: It Winterjûnsteltsje 1965: Diel V: Keningsstikken 1965: Hindrik IV, Diel 1 1965: Hindrik IV, Diel 2 1965: Hindrik V 1965: Hindrik VIII 1965: Kening Jan 1965: Richard II 1966: Diel VI: Trageedzjes 1966: Hamlet 1966: Julius Caesar 1966: Romeo en Julia 1966: Titus Androanikus 1966: Troilus en Kressida 1969: Diel VII: Trageedzjes 1969: Antonius en Kleopatra 1969: Kening Lear (werútjûn yn 2003 troch Utjouwerij Bornmeer yn gearwurking mei de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân) 1969: Macbeth (earder apart útjûn yn 1932) 1969: Otello 1969: Timon fan Atene 1976: Diel VIII: Trageedzjes, Ien Komeedzje en Poëzij 1976: De Feniks en de Toartel 1976: Fenus en Adoanis 1976: De Klaachsang fan in Minneresse 1976: Koriolanus 1976: Perikles, Prins fan Tyrus 1976: De Rôf fan Lukresia 1976: Symbelinus 1976: Sonnetten (earder apart útjûn yn 1944; werútjûn yn 2005 troch Utjouwerij Bornmeer yn gearwurking mei de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân)

Kategory:Fryske stifting Kategory:Fryske útjouwerij Kategory:Frysk toaniel Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1953 Kategory:Organisaasje opheft yn 1976