3FM Serious Request (meastentiids ôfkoarte ta Serious Request) is in alle jierren weromkearende aksje fan 'e Nederlânske radiostjoerder 3FM wêrby't jild ynsammele wurdt foar it goede doel. Trije dj's litte har seis dagen lang sûnder iten opslute yn in Glêzen Hús earnewêr yn Nederlân. Under de tiid dat se opsletten sitte, draaie se dei en nacht platen, yn ruil foar donaasjes troch de harkers. Fierders wurde by de aksje ek bekende Nederlanners ynset en wurde beskate dingen by opbod ferkocht.

De aksje wurdt sûnt 2004 holden yn 'e wike foar de kryst. Nei de aksje wurdt de Top Serious Request útstjoerd, dêr't alle oanfrege platen noch in kear by draaid wurde. Fan 18 desimber oant 24 desimber 2013 stie it Glêzen Hús yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert.

Fernijingen Fan 2018 ôf waard it glêzen hûs ferfongen troch in kuiertocht, mar yn 2021 waard dizze feroaring wer weromdraait en sitte de de dj's wer yn in glêzen hûs, mar mei dit ferskil dat de dj's no al ite meie. Yn 2020 waard der foar it lêst jild ynsammele foar it Reade Krús. Yn 2021 waard der jild ynsammele foar it Wrâld Natoer Fûns, en yn 2022 wurd it jild ynsammele foar de stifting Het Vergeten Kind.

Edysjes Jier Goed doel DJ's Lokaasje Opbringst2004In needhospitaal yn DarfurGiel Beelen,Wouter van der Goes,Claudia de BreijNeude Utert€ 915.9552005Berne soldaten yn KongoGiel Beelen,Wouter van der Goes,Gerard EkdomNeude Utert€ 2.203.5492006Slachtoffers fan lânminenGiel Beelen,Sander Lantinga,Gerard EkdomNeude Utert€ 2.648.4952007Bettere drinkwetterfoarsjenningenRob Stenders,Michiel Veenstra,Gerard EkdomPlein De Haach€ 5.249.4662008Help oan flechtlingenGiel Beelen,Coen Swijnenberg,Paul RabberingGrote Markt Breda€ 5.637.9372009Weromkringe fan malariaGiel Beelen,Gerard Ekdom,Annemieke SchollaardtGrote Markt Grins€ 7.113.4472010Bern dy't har âldenferlern hawwe oan AidsGiel Beelen,Gerard Ekdom,Coen SwijnenbergMarkt Eindhoven€ 7.471.0002011Memmen dy't skansearre binnetroch oarloch en konfliktenTimur Perlin,Gerard Ekdom,Coen SwijnenbergBeestenmarkt Leien€ 8.621.0042012Werombringe fan poppestjerteGiel Beelen,Gerard Ekdom,Michiel VeenstraOude Markt Ynskedee€ 13.839.7312013Omtinken foar berndy't stjerre troch diarreeGiel Beelen,Paul Rabbering,Coen SwijnenbergIt Saailân Ljouwert€ 12.302.7472014Famkes en frouljudy't slachtoffer binnefan seksueel geweldyn konfliktgebietenDomien Verschuuren,Gerard Ekdom,Coen SwijnenbergGrote Markt Haarlim€ 12.000.4382015Jongerein yn oarlochsgebietenDomien Verschuuren,Giel Beelen,Paul RabberingPancratiusplein Hearlen€ 8.671.2882016Werombringen fan stjertetroch longûntstekkingDomien Verschuuren,Frank van der LendeGrote Markt Breda€ 9.257.0002017Famyljes dy't inoarút it each ferlern binnewer byinoar bringeDomien Verschuuren,Angelique Houtveen,Sander HoogendoornMarktplein Apeldoorn€ 5.341.3852018It rêden fan libbensSander Hoogendoorn & Eva Koreman,Jorien Renkema & Rob Janssen,Mark van der Molen & Rámon VerkoeijenGjin glêzen hûs,der waard kuiere fanôfFlylân, Weert en Hengelo€ 1.308.8892019Help oan slachtoffersfan minskehannelSander Hoogendoorn & Herman Hofman,Mark van der Molen & Jorien Renkema,Eva Koreman & Frank van der LendeGjin glêzen hûs, der waard kuiere fanGoes nei Grins€ 1.418.5132020Medyske help yn de coronakrisisFrank van der Lende & Eva Koreman,Sander Hoogendoorn & Sophie Hijlkema,Rob Janssen & Wijnand Speelman en AlfieGjin glêzen hûs,de dj's sieten yn in hangarop it fleanfjild Twinte€ 1.601.9232021Reinwâlden yn Súd-Amearikabeskermje en werstelleRob Janssen,Frank van der Lende,Sander HoogendoornJorien RenkemaOliemolenhof Amersfoart€ 2.000.1832022Stifting Het Vergeten KindRob Janssen,Barend van Deelen,Sophie HijlkemaDe Nieuwe Stad Amersfoart€ 2.345.1072023Stifting ALS NederlânSophie HijlkemaWijnand SpeelmanBarend van DeelenGrote Markt Nimwegen€ 7.502.9812024MetakidsSophie HijlkemaWijnand SpeelmanBarend van DeelenRodetorenplein Swol€ 12.563.709 2025Spieren voor SpierenSophie HijlkemaBarend van DeelenMart Meijer Markt De Bosk

Kategory:Nederlânsk radioprogramma Kategory:Goeddiedichheid Kategory:Radioprogramma út 2004 Kategory:Nederlânsktalich radioprogramma