William Heinesen (folút: Andreas William Heinesen; Tórshavn, 15 jannewaris 1900 – dêre, 12 maart 1991), wie in Fêreusk skriuwer fan romans, koarte ferhalen en berneboeken, dichter, oersetter, keunstskilder, keunstkritikus en komponist. Hoewol't er inkeld yn it Deensk skreau, is er de wichtichste auteur dy't de Fêreu-eilannen ea fuortbrocht hawwe. Dat er de Fêreuske taal net genôch yn 'e macht hie om dêr yn te skriuwen, mei't it net syn memmetaal wie, ûnderfûn Heinesen sels as in gebrek. Syn ynfloed op 'e moderne Fêreusktalige literatuer is lykwols net te oerskatten, en dêrnjonken hat er in grutte rol spile yn 'e ûntwikkeling fan 'e moderne keunst op 'e eilannen.

Libben Heinesen waard yn 1900 berne yn 'e Fêreuske haadstêd Tórshavn, as de soan fan Fêreuske heit en in Deenske mem. In grut part fan syn jonkheid brocht er troch yn Denemark, en hy waard Deensktalich grutbrocht, wat er letter as in manko begûn te sjen, mei't er himsels as Fêreuster beskôge. Hy skreau sadwaande yn it Deensk, al is letter syn hiele oeuvre fan sân romans, sân ferhalebondels en sân dichtbondels oerset yn it Fêreusk (en teffens yn withoefolle oare talen). Syn earste dichtbondel publisearre er yn 1921, doe't er 21 jier wie. Syn earste roman, Blæsende Gry ("Wynderige Moarnsdage"), ferskynde yn 1934. Hy wie der ûnwis oer, en lies it boek fan kaft oant kaft foar oan syn freon, de skilder Sámal Joensen-Mikines. Syn twadde boek, Noatun (It Nije Hiem), dat yn 1938 útkaam, hied er mear súkses mei, mar it bekendst is syn roman De Fortabte Spillemænd ("De Weiwurdene Muzikanten"), út 1950.

Oant 1954 dreau Heinesen in hannelsfirma yn Tórshavn, dêr't er hast syn hiele folwoeksen libben trochbrocht. Hy waard ferneamd om syn útspraak dat Tórshavn foar him "de nâle fan 'e wrâld" wie. Nettsjinsteande syn oarstalichheid, ûntjoech er him yn 'e midden fan 'e tweintichste iuw ta ien fan 'e foaroanmannen fan 'e Fêreuske nasjonale beweging, dy't it yn 1948 slagge om foar de Fêreu-eilannen folslein selsbestjoer ûnder de Deenske Kroan te krijen (likernôch sa't Kurasao, Arûba en Sint-Marten dat binnen it Nederlânske keninkryk hawwe).

Nei Karen Blixen is Heinesen de meast oersette Deensktalige skriuwer út it tiidrek 1900-1940. Yn 1965 waard him as earste Fêreuster de Literatuerpriis fan de Noardske Ried takend foar syn roman Det Gode Håb ("De Goede Hope"). Njonken Rói Patursson is er de iennichste Fêreuster dy't dy eare ea ta diel fallen is. Fierders wûn er yn 1975 de Fêreuske Literatuerpriis; yn 1980 de Deenske Kritisypriis foar Literatuer (Kritikerprisen) foar syn roman Her Skal Danses ("Der Sil Dûnsjen Wêze"); yn 1985 de Karen Blixenmedalje fan 'e Deenske Akademy; en yn 1987 de Skandinavyske Priis fan de Sweedske Akademy, dy't ek wol de "Lytse Nobelpriis" neamd wurdt. Yn 1981, doe't er nominearre wie foar de Nobelpriis foar de Literatuer, giene der geroften dat de kar foar dy eare ek echt op him fallen wie. Dêrop skreau er de Sweedske Akademy om syn (troch oaren bewurkmastere) kandidatuer yn te lûken. Letter lei er út wêrom't er dat dien hie: "It Fêreusk wie foarhinne net yn tel – sterker noch, it waard planút ûnderdrukt. Nettsjinsteande dat hat it Fêreusk in grutte literatuer skepen, en it soe net mear as reedlik west hawwe en jou de Nobelpriis oan in auteur dy't yn it Fêreusk skriuwt. As er lykwols oan my jûn wie, soed er nei in auteur gien wêze dy't yn it Deensk skriuwt, en bygefolch soe it Fêreuske krewearjen om in ûnôfhinklike kultuer te skeppen in snútslach krigen hawwe." Heinesen stoar yn 1991 te Tórshavn, yn 'e âlderdom fan 91 jier.

Wurk Romans 1934 - Blæsende Gry ("Wynderige Moarnsdage") 1938 - Noatun 20px Fryske oersetting: It Nije Hiem (fert. Gerryt Dykstra, 1972) 1949 - Den Sorte Gryde ("De Swarte Tsjettel") 1950 - De Fortabte Spillemænd ("De Weiwurdene Muzikanten") 1952 - Moder Syvstjerne ("Mem Sânstjerte") 1964 - Det Gode Håb ("De Goede Hope") 1976 - Tårnet ved Verdens Ende ("De Toer oan Ierdryks Ein")

Ferhalebondels oarspronklike útjeften 1957 - Det Vingede Mørke ("It Wjukte Tsjuster") 1957 - Det Fortryllede Lys ("It Betsjoende Ljocht") 1960 - Gamaliels Besættelse ("Gamaliël fan de Duvel Beset") 1967 - Kur mod Onde Ånder ("In Middeltsje foar Kweade Geasten") 1970 - Don Juan fra Tranhuset ("Don Juan fan it Walfiskoaljefabryk") 1980 - Her Skal Danses ("Lit Der Dûnsjen Wêze") 1985 - Laterna Magica ("Laterna Magica") lettere werútjeften 1973 - Fortællinger fra Thorshavn ("Teltsjes út Tórshavn) 1975 - Grylen og Andre Noveller ("De Gryla en Oare Ferhalen")

Dichtbondels oarspronklike útjeften 1921 - Arktiske Elegier og Andre Digte ("Arktyske Treurdichten en Oare Fersen") 1924 - Høbjergningen ved Havet ("Ungetiidzjen by de See") 1927 - Sange mod Vårdybet ("Sangen yn it Djipst fan de Maityd") 1930 - Stjernerne Vågner ("De Stjerren Untweitsje") 1936 - Den Dunkle Sol ("De Dûnkere Sinne") 1961 - Hymne og Harmsang ("Hymnen en Sangen fan Lulkens") 1972 - Panorama med Regnbue ("Panorama mei Reinbôge") lettere werútjeften 1955 - Digte i Udvalg ("Utkeazen Fersen") 1983 - Vinterdrøm: Digte i Udvalg 1920-30 ("Winterdream: Utkeazen Fersen 1920-1930") 1984 - Samlede Digte ("Samle Fersen") 1990 - Digte'' ("Fersen")

Prizen en oar earbetoan Jier Priis Resultaat Kategory Foar1960Holbergmedalje (Deenske literatuerpriis)wûnn.f.t.oeuvre1965Literatuerpriis fan de Noardske Riedwûnn.f.t.Det Gode Håb1975Fêreuske Literatuerpriiswûnbêste fiksjeoeuvre1980eareboargerskip fan Tórshavnbeneamdn.f.t.fertsjinsten as auteurDeenske Resinsintepriis foar Literatuer (Kritikerprisen)wûnn.f.t.Her Skal Danses1984Berneboekepriis fan de Gemeente Tórshavn (Barnabókaheiðursløn Tórshavnar býráðs)wûnn.f.t.oeuvre1985Karen Blixenmedalje (fan 'e Deenske Akademy)wûnn.f.t.oeuvre1987Skandinavyske Priis fan de Sweedske Akademy ("Lytse Nobelpriis")wûnn.f.t.oeuvre

Kategory:Fêreusk romanskriuwer Kategory:Fêreusk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Fêreusk berneboekeskriuwer Kategory:Fêreusk dichter Kategory:Fêreusk skriuwer yn it Deensk Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne Kategory:Fêreusk oersetter Kategory:Fêreusk keunstskilder Kategory:Fêreusk komponist Kategory:Persoan berne yn 1900 Kategory:Persoan stoarn yn 1991