Franceska Jaimes, echte namme: Silvia Romero (Medellín, 20 septimber 1985), is in Kolombiaansk model, neakenmodel en pornografysk aktrise, wa har namme oft ek wol misstavere wurdt as Franceska James, en dy't ek wol wurke hat ûnder de skûlnammen Morgana en Sweet Sugar. Neffens har offisjele opjefte is se 1.73 m, mei in gewicht fan 57 kg en kupmaat 34D.

Libben en karriêre Franceska Jaimes waard yn 1985 berne yn 'e stêd Medellín, yn it Kolombiaanske departmint Antioquia (guon boarnen neame lykwols de Kolombiaanske haadstêd Bogotá as har berteplak). Oarspronklik wurke hja as model. Yn juny en july 2005 wie se in blaumoandei (yn totaal likernôch seis wiken) troud mei de Spaanske pornoakteur, regisseur en produsint Nacho Vidal. Nettsjinsteande harren ûnlijich houlik en flugge skieding bleau se mei him befreone.

Yn 2006 ferfear Jaimes nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, en úteinsette mei in karriêre as pornoaktrise. Dêrby makke se har debút yn Vidal syn film Nacho Rides Again. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn 43 pornografyske films spile, wêrfan't fierwei de measten produsearre waarden troch de foaroansteande Amerikaanske studio Evil Angel. Oare labels dêr't Jaimes foar wurke hat, binne û.o. Pure Play Media, Jules Jordan Video, Third Degree Films, West Coast Productions en Digital Playground. Ek hat se wol wurke foar pornosites as Brazzers, Reality Kings en Kink.com. Underwilens hat se acht kear in nominaasje yn 'e wacht sleept foar in prestizjeuze AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld). Njonken har aktearjen wie Jaimes ek wurksum as neakenmodel; sa stie syn april 2011 yn 'e Penthouse as de Penthouse Pet of the Month.

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2012AVN Awardnominearreskandalichste sekssêne (mei Nacho Vidal)Nacho Vidal vs. Live Gonzonominearrebûtenlânsk artyste fan it jiern.f.t.Galaxy Awardwûnbêste nije artyste (Noard-Amearika)n.f.t.Urban X Awardnominearrebêste triosekssêne f/f/m (mei Dana DeArmond en Nacho Vidal)Nacho Vidal Back to the USA2013AVN Awardnominearrebêste opfiering fan in striptiisBig Wet Butts 6nominearrebêste solosekssêneNacho vs. Franceska Jaimesnominearrebêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Nacho Vidal)Fucking Tournominearrebêste anale sekssêne (mei Manuel Ferrara)Big Wet Butts 6nominearrebûtenlânsk artyste fan it jiern.f.t.2014AVN Awardnominearrebêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Penelope Crunch en Nacho Vidal)Fuck, Yeeaaah!!!!

Keppelings om utens Offisjele webside fan Franceska Jaimes Biografy en filmografy fan Franceska Jaimes yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Franceska Jaimes yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)

Kategory:Kolombiaansk model Kategory:Kolombiaansk neakenmodel Kategory:Kolombiaansk pornoakteur Kategory:Penthouse Pet Kategory:Persoan berne yn 1985