Foarfallen 350 - In part fan it leger wegeret in barbaar op de troan te oanfurdigjen en yn Itaalje wurdt in neef fan Konstantyn I, Nepotianus as keizer útroppen. Hy regearret mar 28 dagen. 1594 - Twa fartugen sile fan Tessel út, mei Jan Huygen fan Linschoten, seefarder en reisbeskriuwer, as ferkenning fan de noardlike seewei nei Sina en Ynje. 1621 - De WIC krijt oktroai fan de Steaten-Generaal om as ienige maatskippij handel te driuwen op Amearika en de westkust fan Afrika. It monopoalje jildt foar 25 jier. 1920 - As útfloeisel fan it Ferdrach fan Versailles wurdt yn Dútslân de tsjinstplicht ôfskaft. 1938 - It Snitser Swimbad wurdt iepene. 1965 - Lansearring fan de Gemini 4, piloat Edward White makket as earste Amerikaan in romtewanneling. 1983 - It romteskip Pioneer 10 ferlit it ús bekende sinnestelsel. 2000 - De werboude Aylvapoldermole by Burchwert wurdt iepene. 2006 - Montenegro ferklearret him formeel ûnôfhinklik fan 'e federale republyk Servje en Montenegro.
Berne 1804 - Wytze de Haan, Frysk keunstskilder († 1848) 1843 - kening Freark VIII fan Denemark († 1912) 1873 - Jouke Annes Bakker, Frysk politikus († 1956) 1888 - Albert Kluyver, Nederlânsk mikrobiolooch, botanikus en biogemikus († 1956) 1906 - Josephine Baker (Freda Josephine McDonald), Amerikaansk-Frânsk dûnseresse, sjongster en aktrise († 1975) 1926 - Flora MacDonald, Kanadeesk politika († 2015) 1930 - Rein Strikwerda, Frysk ortopedysk sjirurch († 2006) 1947 - John Dykstra, Amerikaansk special effects-technikus 1951 - Jill Biden 1964 - Doro Pesch, Dútsk sjongeres 1964 - Ye Qiaobo, Sineesk reedrydster 1973 - Ferri Somogyi, Nederlânsk akteur 1986 - Rafael Nadal, Spaansk tennisser 1997 - Louis Hofmann, Dútsk akteur
Ferstoarn 545 - Klotildis, keninginne-gemalinne fan it Frankyske Ryk en hillige (* 474) 1411 - greve Leopold IV fan Eastenryk (* 1371) 1796 - Harmen Beekkerk, Frysk keunstskilder (* 1756) 1857 - Albartus Deketh, Frysk jurist en bestjoerder (* 1796 1875 - Georges Bizet, Frânsk komponist (* 1838) 1924 - Franz Kafka, Tsjechysk skriuwer (* 1883) 1963 - Abeozen, Bretonsk skriuwer (* 1896) 1970 - Douwe Kiestra, Frysk skriuwer, dichter en politikus (* 1899) 1978 - Hans Schöchlin, Switsersk roeier (* 1893) 1983 - Ypk fan der Fear, Frysk skriuwster (* 1908) 1993 - Joe Fortenberry, Amerikaansk basketballer (* 1911) 2016 - Muhammad Ali, Amerikaansk bokser (* 1942) 2023 - Jim Hines, Amerikaansk atleet (* 1946)
Kategory:Datum 03