Foarfallen 1523 - Sweden wurdt mei it ferkiezen fan Gustaaf Vasa ta kening wer in ûnôfhinklik lân. Hjirmei komt in ein oan 'e Uny fan Kalmar mei Denemark en Noarwegen. 1551 - Willem fan Oranje boasket oan Anna fan Bueren, in rike erfdochter út 'e Nederlânske adel. 1761 - In Fenusoergong wurdt fanôf 120 plakken op 'e Ierde waarnommen. 1882 - Troch in sykloan yn 'e Arabyske See strûpt de haven fan Bombay derûnder, mei 100.000 deaden ta gefolch. 1990 - De earste foto's nomd bûten ús sinnestelsel wurde troch de romtesonde Voyager 1 nei de Ierde trochstjoerd. Op 'e foto's binne seis planeten te sjen, wêrûnder de Ierde sels, fan in ôfstân fan seis miljard km. 1944 - D-Day: de Alliëarden lânje op 'e kust fan Normanje. 2004 - De 1.000e side fan 'e Fryske Wikipedy wurdt skreaun, oer de Fryske flagge. 2006 - Dizze datum kin ferkoarte werjûn wurde as 6-6-6 oftewol 666, wat it Getal fan it Bist is (sjoch de Iepenbiering fan Jehannes). Withoefolle kristenen de wrâld oer bidde foar it ôfkearen fan it kwea. 2022 - De 88ste Alvestêdetocht op de Fyts giet de boeken yn as ien fan de swierste âlfestêdetochten ea. 2022 - Foar it earst yn 125-jier moast de Bûnspartij foar Senioaren healerwege de twadde omloop beëinige fanwegen it minne waar.

Berne 1436 - Regiomontanus (Johannes Müller), Dútsk astronoom, astrolooch en wiskundige († 1476) 1599 - Diego Rodríguez de Silva y Velázquez, Spaansk keunstskilder († 1660) 1606 - Pierre Corneille, Frânsk toanielskriuwer († 1684) 1755 - Eduard van Beyma, Frysk politikus († 1825) 1771 - Daam Fockema, Frysk abbekaat en polityk aktivist († 1855) 1799 - Aleksandr Pûsjkin, Russysk dichter († 1837) (26 maaie Juliaanske kalinder) 1821 - François-Marie Luzel, Bretonsk folklorist en dichter († 1895) 1847 - Gerben Postma, Frysk skriuwer en skoalmaster († 1925) 1850 - Karl Ferdinand Braun, Dútsk natuerkundige en Nobelpriiswinner († 1918) 1862 - Foeke Buitenrust Hettema, Frysk taalkundige († 1922) 1862 - Edo Johannes Bergsma, Frysk politikus en bestjoerder († 1948) 1868 - Robert Falcon Scott, Ingelsk admiraal en ûntdekkingsreizger († 1912) 1875 - Thomas Mann, Dútsk skriuwer († 1955) 1888 - Valerian Kûjbysjev, Russysk revolúsjonêr († 1935) 1901 - Soekarno, presidint fan Yndoneezje († 1970) 1909 - Isaiah Berlin, Britsk filosoof en politikolooch († 1997) 1911 - Heine van der Molen, Frysk yngenieur en skriuwer († 1998) 1920 - Pieter Soepboer, Frysk politikus († 1998) 1927 - Nikolaas Egbert Algra, Frysk heechlearaar rjochtswittenskip († 2002) 1947 - Ada Kok, Nederlânsk swimster 1947 - Bennie Huisman, Frysk sjonger-ferteller, muzikant en skriuwer 1950 - Frank Thring, Ingelsk pornografysk regisseur en akteur 1956 - Björn Borg, Sweedsk tennisser 1967 - Caroline van der Plas, Nederlânsk sjoernalist en politikus 1980 - Ricki Raxxx, Amerikaansk neakenmodel en pornoaktrise 1988 - Thijsje Oenema, Frysk hurdrydster 1993 - Frida Gustavsson, Sweedsk fotomodel

Ferstoarn 1878 - Robert Stirling, Skotsk útfiner (* 1790) 1941 - Eije Wijkstra, Nederlânsk krimineel (* 1895) 1942 - Pieter Hovinga, Frysk keatser (* 1882) 1944 - Markus Assies, Frysk fersetsstrider (* 1919) 1945 - Meinoud Rost van Tonningen, Nederlânsk politikus en kollaborateur (* 1894) 1964 - Albina Osipowich, Amerikaansk swimster (* 1911) 1968 - Robert Kennedy, Amerikaansk politikus (* 1925) 1971 - Appel Ooiman, Frysk roeier (* 1905) 1984 - Jakob Klok, Frysk politikus en fersetsman (* 1893) 1985 - Siem Vroom, Nederlânsk akteur (* 1931) 1996 - Kuzuo Kitamura, Japansk swimmer (* 1917) 1999 - Anne Haddy, Australsk aktrise (* 1930) 2006 - Billy Preston, Amerikaansk sjonger en muzikant (* 1946) 2011 - Itty Sluis, Frysk skriuwster (* 1939) 2013 - Esther Williams, Amerikaansk aktrise en swimster (* 1921) 2017 - Sandra Reemer, Nederlânsk sjongster en presintatrise (* 1950)

Kategory:Datum 06