Foarfallen 1611 - Jan Knilles Femmes libbet ien jier op in sânplaat, en wint in weddenskip. 1866 - Op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika brekt de Oarloch fan Reade Wolk út tusken de Feriene Steaten en de Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, oer de forten dy't it Amerikaanske Leger by it Bozeman Trail lâns yllegaal op Yndiaansk lân boud hat. 1983 - De romtesonde Pioneer 10 ferlit it bekende sinnestelsel. 2009 - Op it Ynterfrysk Kongres yn it Eastfryske Lier stelt de Fryske Rie in offisjele Ynterfryske flagge fêst.

Berne 823 - keizer Karel de Keale fan it Hillige Roomske Ryk († 877) 1690 - foarst Joaris Albrecht fan Eastfryslân († 1734) 1809 - Heinrich Hoffmann, Dútsk psychiater en skriuwer († 1894) 1865 - William Butler Yeats, Iersk dichter († 1939) 1855 - Jacob Klaver, Frysk keatser († 1945) 1894 - Karl Schöchlin, Switsersk roeier († 1974) 1897 - Paavo Nurmi, Finsk lange-ôfstânsdraver († 1973) 1905 - Franco Riccardi, Italjaansk skermer († 1968) 1908 - Paulus Akkerman, Frysk skriuwer († 1982) 1920 - Johan Mulder, Frysk politikus († 1990) 1925 - Willem Albeda, Nederlânsk politikus († 2014) 1944 - Ban Ki-moon, Súdkoreaansk diplomaat en politikus, seiktaris-generaal fan de Feriene Naasjes 1953 - Tim Allen, Amerikaansk komyk en akteur 1956 - Ineke Smienk, Nederlânsk keunstneresse 1959 - Paul Van Bruystegem, Flaamsk bassist en gitarist († 2025) 1965 - Dirk van der Veen, Frysk skriuwer († 2015) 1986 - Mary-Kate en Ashley Olsen, Amerikaanske aktrises (twilling) 1994 - Itzhak de Laat, Frysk shorttracker 1995 - Petra Vlhová, Slowaaksk skyster 2000 - Daniella Perkins, Amerikaansk aktrise

Ferstoarn 1573 - Jelte Eelsma, Frysk frijheidstrider, frijbûtser en wettergeus (* 1539) 1588 - Anna fan Oranje-Nassau, Nederlânsk ealfrouwe, troud mei Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg (* 1563) 1665 - Auke Stellingwerf, Frysk admiraal (* 1635) 1886 - kening Loadewyk II fan Beieren (de "Mearkeskening") (* 1845) 1925 - Gerben Postma, Frysk skriuwer en skoalmaster (* 1847) 1962 - Teatske Alzum, Frysk skriuwster (* 1899) 1986 - Benny Goodman, Amerikaansk muzikant (* 1909) 1987 - Sake Lieuwe Tiemersma, Frysk komponist, oargelist en dirigint (* 1912) 1991 - Tabe Beintema, Frysk boekhanneler, frisiast en oersetter (* 1912) 2005 - Jesús Moncada, Katalaansk skriuwer (* 1941) 2013 - Albert White Hat, Amerikaansk taalaktivist (* 1938) 2022 - Philip Baker Hall, Amerikaansk akteur (* 1931)

Kategory:Datum 13