Foarfallen 1042 - Edward de Belider folget syn ferstoarne healbroer Hardeknoet op as kening fan Ingelân. 1076 - Slach by Iselmonde. De Fryske greve Durk V werovert it meastpart fan West-Fryslân op de biskop fan Utert. 1783 - De fulkaan Laky op Yslân barst út. De erupsje soe acht moannen duorje, mei nuveraardich kleure loften as gefolch. De troch de wyn meifierde sweveldampen soargje yn gâns West-Jeropa foar mislearre rispingen en mei de dêrnei kommende strange winter, foar tûzenen slachtoffers. 1969 - De Nederlandsche Radio Unie en de Nederlandse Televisie Stichting beslute tegearre op te gean yn de Nederlandse Omroep Stichting, NOS. 2004 - Fenus giet foar de Sinne lâns, foar it earst sûnt 1882. Op 6 juny 2012 soe it wer barre moatte. 2012 - De Fryske Wikipedy hat 25.000 siden

Berne 1545 - Karel, kroanprins fan Spanje (don Carlos fan Spanje) († 1568) 1625 - Giovanni Domenico Cassini, Italjaansk astronoom († 1712) 1746 - Jean Henri van Swinden, Nederlânsk wis- en natuerkundige († 1823) 1807 - Verplanck Van Antwerp, Amerikaansk amtner en militêr († 1875) 1810 - Robert Schumann, Dútsk komponist en pianist († 1856) 1867 - Frank Lloyd Wright, Amerikaansk arsjitekt († 1959) 1869 - Emilie Louise Frey, Switsersk dokter († 1937) 1872 - J.A. Bruins jr., Nederlânsk predikant († 1947) 1902 - Abraham Salomon Levisson, oerrabbyn fan Fryslân († 1945) 1912 - Roger Michelot, Frânsk bokser († 1993) 1922 - Wim Meuldijk, Nederlânsk senarioskriuwer († 2007) 1922 - Hendrik Miedema, Nederlânsk heechlearaar nammekunde († 2008) 1925 - Barbara Bush, Amerikaansk presidintsfrou († 2018) 1927 - Jerry Stiller, Amerikaansk komyk en akteur († 2020) 1938 - Bauke Scheffer, Frysk keatser († 1967) 1965 - Paul en Stephen Youll, Ingelsk yllustrators en boekbânûntwerpers (twilling) 1977 - Kanye West, Amerikaansk rapper en muzykprodusint 1986 - Charisma Cappelli, Amerikaansk pornoaktrise 1990 - Pien Breeuwsma, Frysk sjongeres 1992 - Katt Dylan, Amerikaansk pornoaktrise 1999 - Harmony Wonder, Amerikaansk pornoaktrise

Ferstoarn 1042 - kening Hardeknút fan Ingelân en Denemark (* 1018/1019) 1376 - Edward fan Woodstock (de Swarte Prins), prins fan Wales en kroanprins fan Ingelân (* 1330) 1714 - Sofia fan de Palts, hartoginne-gemalinne fan Breunswyk-Lüneburg (* 1630) 1768 - Johann Winckelmann, Dútsk keunsthistoarikus en argeolooch (*1717) 1794 - Gottfried August Bürger, Dútsk dichter (* 1747) 1795 - kening Loadewijk XVII fan Frankryk (* 1785) 1845 - Andrew Jackson, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1767) 1880 - Marije van Hessen-Darmstadt, keizerinne-gemalinne fan Ruslân (* 1824) 1896 - John Gregory Bourke, Amerikaansk militêr en antropolooch (* 1846) 1944 - Julius Matthijs van Beyma, Frysk jurist en politikus (* 1877) 1975 - Bruno Müller, Dútsk roeier (* 1902) 1979 - Lou Geels, Nederlânsk akteur (* 1908) 1981 - Lydia Lopokova, Britsk-Russysk ballerina (* 1892) 1999 - Piet Blom, Nederlânsk arsjitekt (* 1934) 2006 - Sjoerd van der Schaaf, Frysk sjoernalist en skriuwer (* 1906) 2008 - Hendrik Miedema, Nederlânsk heechlearaar nammekunde (* 1922) 2013 - Doeke Bekius, Frysk politikus (* 1922) 2022 - Julio Jiménez, Spaansk hurdfytser (* 1934) 2023 - Renato Longo, Italjaansk hurdfytser (* 1937)

Kategory:Datum 08