Foarfallen 1628 - It gloednije VOC-skip de Batavia slacht brek foar de westkust fan Austraalje. 1942 - De Amerikaanske Pasifyske Float behellet in klinkende oerwinning op 'e Keizerlike Japanske Marine yn 'e Slach by Midway. Dit is it kearpunt fan 'e striid yn 'e Stille Oseaan. 2006 - Oerbringing fan 'e relykskryn mei it stoflik omskot fan de muonts en mystikus Tomas fan Kempen (±1380-1471) fan 'e bûten gebrûk stelde Michaeltsjerke nei de Basilyk fan Us Leaffrouwe Tahimelopnimming yn Swol. 2006 - Nederlân wurdt kampioen by it EK Fuotbal ûnder de 21.
Berne 1738 - kening George III fan Grut-Brittanje, Ierlân en Hannover († 1820) 1749 - Adolphus Ypey, Frysk botanikus, filosoof en dokter († 1822) 1772 - Jan Reinders Radersma, Frysk oargelbouwer († 1816) 1880 - Theo van der Ploeg, Frysk ûnderwizer en skriuwer († 1940) 1844 - Sybrandus Johannes Fockema Andreae, Frysk rjochtsgelearde en heechlearaar († 1921) 1901 - Tjomme Ynte Kingma Boltjes, Nederlânsk heechlearaar algemiene en tapaste mikrobiology († 2000) 1902 - Richard Allen, Yndiaask hockeyer († 1969) 1905 - Henk Aukes, Nederlânsk bestjoerder en publisist († 1999) 1910 - Christopher Cockerell, Britsk yngenieur († 1999) 1917 - W.G. van de Hulst jr., Nederlânsk keunstskilder, byldhouwer, berneboekeskriuwer en yllustrator († 2006) 1917 - Meindert Koolstra, Frysk spion yn de Twadde Wrâldoarloch († 1944) 1927 - André van den Heuvel, Nederlânsk akteur en regisseur († 2016) 1955 - Sue Hodge, Ingelsk aktrise 1956 - Vera Siccard, Flaamsk keunstneresse 1953 - Anneke Zeinstra, Frysk hurdrydster 1957 - Anita Andriesen, Frysk politika († 2008) 1970 - Gina Tolleson, Amerikaansk model 1975 - Angelina Jolie (Angelina Jolie Voight), Amerikaansk aktrise 1977 - Ingrid Visser, Nederlânsk follybalster († 2013) 1985 - Dominique Gisin, Switsersk skyster
Ferstoarn 1134 - kening Magnus I fan Sweden (* 1106) 1316 - kening Loadewyk X fan Frankryk (* 1289) 1624 - Rombertus van Uylenburgh, Frysk jurist en politikus (* 1554) 1752 - Daniël Marot, Nederlânsk graveur en arsjitekt (* 1661) 1789 - Loadewyk Joazef fan Frankryk, Frânsk kroanprins (* 1781) 1801 - kening Karel Emmanuël IV fan Sardynje (* 1751) 1838 - Anselme Gaëtan Desmarest, Frânsk biolooch (* 1784) 1850 - Maurits fan Oranje-Nassau, Nederlânsk prins (* 1843) 1872 - Johan Rudolph Thorbecke, Nederlânsk politikus (* 1798) 1941 - keizer Willem II fan Dútslân (* 1859) 1942 - Reinhard Heydrich, Dútsk militêr en oarlochsmisdiediger (* 1904) 1969 - Klaas Dijkstra, Frysk amateurwittenskipper en morosoof (* 1895) 1982 - Hermanni Pihlajamäki, Finsk wrakselder (* 1903) 1996 - Leen Jongewaard, Nederlânsk akteur en sjonger (* 1927) 2006 - Jan de Jong, Frysk oersetter (* 1921) 2012 - Alexander Curly, Nederlânsk sjonger en filmmakker (* 1946) 2015 - Albert West, Nederlânsk sjonger (* 1949)
Kategory:Datum 04