right|thumb|400px|It klassike byld fan 'e cowboy, sa't dat yn 1902 fêstlein waard troch de keunstskilder Charles Marion Russell. It Wylde Westen (of inkeld ek wol it Alde Westen) is in oantsjutting dêr't mei ferwiisd wurdt nei rûchwei de westlike helte fan 'e Feriene Steaten tusken likernôch 1850 en 1900. Yn dy perioade ferkearde dat gebiet noch yn it begjinstadium fan 'e kolonisaasje. It Wylde Westen makket yn 'e Amerikaanske skiednis diel út fan it gruttere tiidrek fan 'e Amerikaanske frontier (1700-1912), oftewol de kolonisaasje fan 'e Noard-Amearika oan 'e foargrins fan 'e "beskaving". Neitiid ûntstie der in hiel literêr en letter ek filmsjenre (ntl. dat fan 'e western), dat it Wylde Westen ferhearlike of alteast romantisearre, mei de feedriuwer te hynder, de cowboy, as ikoanysk symboal fan in ferfleine tiid en in grutdiels útstoarne way of life ("manear fan libjen").
De wurklikheid wie fansels in stik prozaysker, mar in feit is dat it Wylde Westen oant de dei fan hjoed ta in tige ta de ferbylding sprekkende histoaryske perioade bleaun is, dy't ek yn Jeropa tige by tige bekend rekke is troch de boeken fan skriuwers as Karl May en Zane Grey, en films mei akteurs as John Wayne, Lee Van Cleef en Clint Eastwood. It is sa yn 'e Westerske kultuer trochkrongen dat sels wa't se net teplak bringe kin, de nammen fan guon persoanen út it Wylde Westen bekend yn 'e earen klinke sil: Buffalo Bill, Davy Crockett, Doc Holiday, Jesse James, Sitting Bull, Billy the Kid, George Armstrong Custer, Cochise, Wild Bill Hickok, Dull Knife, Wyatt Earp, Geronimo, Calamity Jane, Kit Carson, Butch Cassidy, Annie Oakley en de Daltons.
Manifest Destiny Yn 'e 1840-er jierren skreau in Amerikaansk tydskrift "[...] it ferfoljen fan ús oerdúdlike lotsbestimming [...] [is] om ús oer it wrâlddiel te fersprieden dat ús troch de Foarsjennichheid taparte is foar de frije ûntwikkeling fan ús jierliks fermannichfâldigjende miljoenen." De term "oerdúdlike lotsbestimming", yn it Ingelsk manifest destiny, ûntjoech him dêrnei as in ôfkoarting foar hoe't Amerikanen tsjin harren plak yn 'e wrâld oanseagen. Noard-Amearika wie in leech en woest lân, dat God harren jûn hie om der beskaving te bringen, fan 'e Atlantyske kust ôf, oan 'e Pasifyske kust ta. De lânseigen bewenners, de Yndianen, waarden fansels net foar fol oansjoen, en boppedat, dy diene neat mei it lân, hiene yn 'e regel net iens in fêst wenplak, en dus koene se der ek gjin oanspraak op meitsje.
Manifest Destiny waard it biedwurd foar de ekspansjonisten yn 'e Amerikaanske polityk, en dy kamen benammentlik út 'e Demokratyske Partij. De oare grutte politike partij wie doedestiden de Whigpartij (dêr't letter de Republikeinske Partij foar in part út fuortkomme soe). De lieders dêrfan, lykas Henry Clay, âld-presidint John Quincey Adams en Abraham Lincoln, wiene op Manifest Destiny tsjin, en stiene in ferdjipping fan 'e Amerikaanske maatskippij foar troch modernisaasje en urbanisaasje ynstee fan inkeld in ferbreding troch territoriale ekspânsje. De Demokraten, ûnder lieding fan presidint James K. Polk, setten harren sin lykwols troch mei de Anneksaasje fan Teksas, yn 1845. John Quincey Adams karakterisearre dat as "de slimste katastrôfe dy't ea oer mysels en myn lân kommen is."
Kolonisaasje
De karafanen nei it Westen De measte kolonisten út it Easten setten ôf mei as bestimming de Amerikaanske westkust. Guon fan harren, de rikeren, sylden om Kalifornje te berikken alhiel om Kaap Hoarn hinne, de súdpunt fan Súd-Amearika, in reis dy't seis moannen duorre. De measten, lykwols, reizgen dêr yn deselde tiid oer lân hinne, rinnend, ridend of mei hynder-en-wein, wat in folle nuodliker en dreger soarte fan reis wie, dwers troch lân hinne dat bewenne waard troch fijannige "wylden", oer hege bergen en troch drûge woastinen, dêr't de wyn soms giftich alkalystof opwaaide dêr't men wol blyn fan reitsje koe. Yn 'e regel beweegden sokke kolonisten harren yn grutte karafanen ûnder lieding fan in beleard weinmaster, wêrby't se harren gesinnen, klean, húsrie, boere-ark en -reau, bisten en, net te ferjitten, fiktaalje meitôgen. Yn 'e saneamde "Karafaan fan 1843" bejoegen har tusken de 700 en 1.000 kolonisten yn ien kear nei it Westen ta.
left|thumb|350px|It Oregon Trail. De wichtichste rûte foar sokke karafanen fan kapweinen wie it Oregon Trail, dat fan Independence, yn 'e steat Missoury, fia Fort Hall, yn Idaho, nei de Delling fan 'e Willamette, yn Oregon, late, dêr't him mei dêrtroch de stêd Portland ûntjoech. Fia dit paad liet men de deadlike woastinen fan it súdwesten (letterlik) lofts lizze. Neigeraden dat de tiid fierder gie, waarden oare rûtes klearre, lykas it California Trail (fan 1843 ôf), it Mormon Trail (fan 1847 ôf) en it Bozeman Trail (fan 1863 ôf). Dy brûkten fierhinne itselde begjinpunt en in grut part fan deselde eastlike helte fan 'e rûte as it Oregon Trail, mar sloegen healwei ôf nei harren eigen bestimmings.
Net in elk berikte syn bestimming. Krekt oarsom, withoefolle kolonisten kamen ûnderweis om it libben troch in ferskaat oan oarsaken, lykas Yndiaanske oanfallen (al kaam dat lang net sa faak foar as dat de westerns hawwe wolle), oerfallen troch banditen, ûnderfieding, sykten (dysentery, tyfus, goalera, longûntstekking, ensfh.), ûnderkuolling, lawines, slangebiten, trochdat se troch in wein oerriden waarden of trochdat se troch oare kolonisten út 'e ljochten holpen waarden. Ien tige bekend foarbyld fan in karafaan dy't syn bestimming nea berikte, wie de saneamde Groep-Donner (Donner Party), dy't sokke ûntbearings litte, dat de leden dêrfan úteinlik harren taflecht namen ta kannibalisme. Guon lju kamen ek wer werom út Westen. De measten dêrfan wiene foarútgien om in wenplak te beävensearjen, en hellen no de rest fan 'e famylje op. Mar foar in part wiene it ek lju dy't ûntmoedige en telider slein rekke wiene, en dy't hopen yn it Easten harren âlde libbens wer oppakke te kinnen.
Mormoanen In spesjale groep kolonisten wiene de mormoanen, dy't ûnder lieding fan harren profeet Brigham Young nei de delling fan 'e Grutte Sâltmar teagen, om oan leauwensferfolging yn Missoury en Illinois te ûntkommen. De krite dêr't hja harren nei wenjen setten, hearde doedestiden eins noch ta Meksiko, mar lei te fier nei it noarden ta om troch it Meksikaanske regear behearske te wurden. De mormoanen stiften der mear as hûndert delsettinkjes yn wat Young "Deseret" neamde, en regearre as in folslein ûnôfhinklike teokrasy. Nei't it gebiet yn 1848 mei û.m. Kalifornje troch Meksiko ôfstien wie oan 'e Feriene Steaten, kaam it bekend te stean as it Utah-territoarium. De troch Young as residinsje foar syn Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen stifte stêd Salt Lake City waard it mulpunt dat nije territoarium. Hoewol't it foar in grut part út woastyn en rotsgrûn bestie, wisten de mormoanen der troch harren kommunale wurkwize en heech ûntwikkele lânboumetoaden te oerlibjen en sels te florearjen. Hja ferkochten alderlei guod oan kolonistekarafanen op trochreis, en sleaten ferdraggen mei de Yndiaanske stammen yn Utah om't Young kedize dat it op 'e lange termyn goedkeaper wêze soe om 'e Yndianen mei-ite te litten fan 'e rispingen fan 'e mormoanen, as om oarloch tsjin harren te fieren.
thumb|right|250px|De hjoeddeiske timpel fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen yn Salt Lake City. De grutste bedriging fan 'e mormoanske steat kaam dan ek net fan 'e Yndianen, mar fan it Amerikaanske regear, dat nei 1848, ûnder druk fan protestantske tsjerken, it besteansrjocht fan Deseret en de troch de mormoanen as ûnderdiel fan harren leauwe beliden polygamy (mearwiverij) ôfwiisde. Young-en-dy loeken har neat oan fan in regear yn it fiere Washington dat sy net erkenden, en de relaasjes giene mei feart berchôf. Oan 'e ein fan 'e 1850-er jierren, doe't presidint James Buchanan it Amerikaanske leger op 'e mormoanen ôfstjoerde, liek it skeel op iepen oarloch ta te gean. Hoewol't der gjin fjildslaggen plakfûnen, wiene der al wapene konfrontaasjes yn 'e Rocky Mountains, dêr't it mormoanske legerke de opmars fan 'e Amerikanen yn 'e berchpassen opkearde yn in barren dat wol de "Lytse Boargeroarloch" neamd wurdt. Tsjin dy tiid, lykwols, begûn it konflikt tusken Noard en Súd almar fêstere foarm oan te nimmen, en waard de oandacht fan Washington fan 'e mormoanen ôflaat.
Yn 'e wiere Amerikaanske Boargeroarloch, dy't yn 1861 útbriek, besochten de Súdliken Young safier te krijen dat er in ferbûn mei harren oangean soe, mei as bedoeling dat de mormoanen in westlik front tsjin it Noarden iepenje soene, mar Young wie sa liep dat er de boat ôfhold, wat nei alle gedachten de rêding fan syn tsjerke wie. Nei't it Noarden de oarloch yn 1865 wûn hie, rjochte it Amerikaanske regear de oandacht wer op it westen. De nije Republikeinske Partij, de driuwende krêft efter de ôfskaffing fan 'e slavernij, swarde no dat it ek de polygamy útrûgje soe, mei't dat krektlyk as in skeining sjoen waard fan alle religieuze, kulturele en morele wearden dy't in moderne beskaving hawwe moatte soe. It regear oer Utah waard de mormoanen systematysk ûntnadere, en de tsjerkelieding moast sels in hoartsje ûndergrûnsk gean. Oan 'e oare kant soargen de troch de Amerikanen sels bewurkmastere bettere ferbinings mei Utah en agressyf sindingswurk fan mormoanske kant derfoar dat der yn dyselde snuorje in tafloed fan mormoanske kolonisten út it Easten en út Jeropa wei nei Utah ta kaam. Uteinlik besleat de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen yn 1890 om polygamy ôf te skaffen, wat daliks ta in tsjerkskuorring late mei in minderheid dy't der bûge of barste oan fêsthâlde woe. Mar fierwei it grutste part fan 'e mormoanen lei him der by del, sadat der in kompromis berikt wurde koe mei Washington en Utah einlings de status fan steat krije koe dy't it ûntholden wie salang't de polygamykwestje noch spile.
De Meksikaanske oarloggen
De Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch Doe't Meksiko yn 1821 ûnôfhinklik waard, hearden dêr ek noch de eardere Spaanske noardlike besittings ta dy't no de Amerikaanske steaten Teksas, Nij-Meksiko, Arizona, Nevada, Utah, Kolorado en Kalifornje foarmje. Mei't dizze gebieten tige tin befolke wiene, alteast wat kolonisten fan Jeropeeske oarsprong oanbelange, makken earst de Spaanske en letter de Meksikaanske regearings de fatale flater om mei belestingfoardielen Amerikaanske kolonisten oan te lûken om har yn benammen Teksas nei wenjen te setten. Al rillegau begûnen de Amerikanen yn Teksas, dy't kwa leauwe, taal en kultuer frijwol neat gemien hiene mei Meksiko, mar nammenste mear mei de Feriene Steaten, harren ôf te setten tsjin it Meksikaanske regear, dat se stadichoan as in útlânske oerhearsking begûnen te beskôgjen. De Teksaanske Meksikanen, de Tejanos, dy't yn Meksiko eins neat yn 'e molke te krommeljen hiene om't se yn Teksas alhiel oan it fuottenein sieten, stiene yn dizze saak oer it algemien oan 'e kant fan 'e Amerikanen. Under lieding fan William Barrett Travis begûn de saneamde "oarlochspartij" de ûnôfhinklikens fan Teksas op te easkjen, wylst de "fredespartij" fan Stephen F. Austin "inkeld" fiergeand selsbestjoer hawwe woe.
thumb|left|350px|Sam Houston oanfurdet de oerjefte fan Antonio López de Santa Anna (1836).