Hans Boskamp, feitlik Johan Hendricus Gerardus Hoelscher (Rotterdam, 7 maaie 1932 – Doardt, 22 maart 2011), wie in Nederlânsk fuotballer en akteur. Teffens wie er sjonger, produsint fan musikals en toanielstikken en manager fan artysten. Hy wie in soan fan de akteur Johan Boskamp.
Privee Boskamp hat fjouwer kear troud west. Syn earste frou wie in dochter fan kabaretier Harry Boda, syn tredde wie de aktrise Hannah de Leeuwe. Hy hie trije bern: twa út it earste houlik en ien út it twadde. Ek hat er in ferhâlding hân mei de aktrises Hetty Verhoogt en Marijke Boonstra.
Filmografy Ja zuster, nee zuster (1968) – Dirk, de "Griekse gastarbeider" (1 ôflevering) Floris (1969) – Lange Pier (3 ôfleveringen) Ti-ta-tovenaar (1972) – Omke Titov Turks fruit (1973) – Winkelchef Pipo en de Piraten van Toen (1975) – Kaptein Labbedoe (5 ôfleveringen en aas film) Sil de Strandjutter (1976) – Douwe Herenstraat 10 (1983-1984) – Rudy De Victorie (1994) - Joop van de Molen Oppassen!!! (1994-2003) – Jopie Het Zonnetje in Huis (1996) – Hr. Welleman Loenatik (2001) - Sigeunerman Baantjer: De Cock en de dode duivenmelker (2002) – Arie Kooy Sinterklaasjoernaal (2006) - Domste pake fan Nederlân De Bende van Hiernaast (1980) Drie is te veel Een fijn span
Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk musicalakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk teaterprodusint Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Nederlânsk fuotballer Kategory:Nederlânsk ympressario Kategory:Persoan berne yn 1932 Kategory:Persoan stoarn yn 2011