thumb|225px|Mimi Kok yn 1974
Maria Christina (Mimi) Kok (Amsterdam, 25 jannewaris 1934) is in Nederlânsk aktrise- en stimaktrise. Sy spile yn tal fan Nederlânske films en yn Wim T. Schippers syn films en programmas wie hja de gesellige Gé Braadslee, de frou fan nachtklubeigner Waldo van Dungen. Fierders is hja bekend fan voice-overwurk yn de reklamespotsjes fan Túnsintrum Osdorp op de Amsterdamske telefyzjestjoerder AT5. Yn 2012 die hja mei oan it realityprogramma Krasse Knarren fan Omrop Max.
Rollen Pension Hommeles (1957-1959) Paranoia (1967), maîtresse fan Arnold Blue Movie (1971), frou mei bêd Kunt u mij de weg naar Hamelen vertellen, mijnheer? (1972-1976), as Trol Ambam Frank en Eva (1973) Heb medelij, Jet! (1975), as dame yn de seal Rooie Sien (1975), as Toontje de Vries Adelbert (1977) De Mantel der Liefde (1978), as bakkersfrou Meneer Klomp (1978) Het is weer zo laat! (1978), as Gé Braadslee Erik en het klein insectenboek (1979) Twee vorstinnen en een vorst (1981), as Alde Mien Vrijdag (1981) De Fabriek (1981), als tsjinstfaam Janske De lachende scheerkwast (1981-1982), as Gé Braadslee Opzoek naar Yolanda (1984), as Gé Braadslee Paul Chevrolet en de ultieme hallucinatie (1985) Plafond over de vloer (1986), as Myra Swift-Balkema We zijn weer thuis (seizoen 4 en 5), as Mathilde van Setten-van der Kaap Han de Wit (1990) In voor- en tegenspoed (1991 en 1997), yn in tal ôfleverins as Mies Jeetje Meetje het was me het jaartje wel (1993), âldjiersshow mei Paul de Leeuw fan de VARA, by RTL6 (parody op de kommersjele telefyzjestjoerders) Filmpje! mei Paul de Leeuw (1995) Cross Fate (2000) Don Don Don Dominique (2011), fideoklipke en lietsje oer Dominique Strauss-Kahn fan Les Dames des Bulles skreaun troch Gonny van Oudenallen Krasse Knarren (2012), rige yn trije dielen mei âlde Bekende Nederlanners Singles (2012), met Frank Evenblij, tv-programma Living in Oblivion (2012), Eineksamentoanielstik fan regisseur Laurens Krispijn de Boer, in byrol.
ferskaat Waard yn 1951 Miss Zandvoort. Mimi Kok hat nea troud west en hat gjin bern. Sy wennet al fjitich jier oan in Amsterdamske greft. Yn it programma Krasse Knarren sei Mimi dat hja in soad lêst hat fan iensumens. Mimi Kok is amateurskilder en frijwilliger by de Helptillefoan Amsterdam
Keppeling om utens Mimi Kok yn de IMDb
Kategory:Nederlânsk model Kategory:Winneresse fan in missferkiezing Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk stimakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn 1934