De western is in sjenre yn 'e literatuer, byldzjende keunst, film en op 'e tillefyzje, dat wijd is oan romantisearre beskriuwings fan en ferhalen oer it Wylde Westen, de beneaming foar rûchwei de westlike helte fan 'e Feriene Steaten tusken likernôch 1850 en 1900. Yn dy perioade ferkearde dat gebiet noch yn it begjinstadium fan 'e kolonisaasje, en waard der striid levere tusken de lânseigen Yndiaanske folken oan 'e iene kant en de Amerikaanske kolonisten en it Amerikaanske leger oan 'e oare kant, wylst de cowboy, dat ikoanyske symboal fan it Alde Westen, it fee fan syn baas oer de iepen prêrjes dreau, en op oare plakken legindaryske banditen lykas Jesse James en Billy the Kid harren snoade plannen smeiden en dêrby soms yn 'e tsjillen riden waarden troch allike legindaryske wetstsjinners as Wild Bill Hickok en Wyatt Earp.

Hoewol't westerns oer it algemien net botte reälistysk binne (it wurk fan cowboys wie yn it echt net heldhaftich en aventoerlik, mar earder ientoanich en lichaamlik slopend, om mar wat te neamen), kinne se o sa ta de ferbylding sprekke. It sjenre sette útein mei de kontemporêne pulpromantsjes út 'e lêste helte fan 'e njoggentjinde iuw, en ûntjoech him koart nei de iuwwiksel, tusken 1902 en 1912, ta in wier literêr sjenre. It wie benammen tige populêr tusken 1930 en 1980, mei in hichtepunt yn 'e earste helte fan 'e sechstiger jierren. Yn dy heale iuw ûntstie ek westernfilm, en waarden er in grut tal westernsearjes makke foar op 'e tillefyzje. Sûnt de twadde helte fan 'e santiger jierren is de populariteit fan it sjenre yn it neigean rekke, en nei 2000 hat dy in nij djiptepunt berikt, al wurde der noch altiten wol westernromans skreaun en westernfilms produsearre.

Tematyk De western skilderet in maatskippij ôf dy't organisearre is om beskate earekoades hinne, wêrby't de mei geweld útfochten en besljochte fete, en persoanlik, direkt en eigen gerjocht troch geweld in grutte rol spylje. Sawol de tradisjonele westernroman as de westernfilm draaie ornaris om it libben fan in semy-nomadyske swalker, gauris mei in twifelich ferline of in persoanlikheid dy't skeind is troch in jeugdtrauma of oarlochsûnderfinings. Hy is yn 'e regel in cowboy of in revolverman (gunslinger) dy't sels it kontakt mei de minsklike maatskippij fierhinne ôfwiisd of ferlern is, en de western set útein as er as frjemdling in foar him ûnbekend stedsje binnenriidt dêr't fan alles mis is of dêr't banditen of in korrupte feeboer (rancher) de gewoane minsken terrorisearje. Om redens dy't útienrinne kinne fan syn rjochtsgefoel, klearebare ferfeling of tsjin wil en tank, lost de frjemdling de swierrichheden op troch mei geweld mei de smjunt en dy syn trewanten ôf te weven, gauris yn in revolverduël ûnder de middeissinne op 'e haadstrjitte fan it stedsje. Hoewol't er dêrnei faak troch de ferromme ynwenners frege wurdt om sheriff te wurden, einiget de western as er it stedsje efterlit en de ûndergeande sinne temjitte riidt. Dizze tradisjonele westernheld, de ienlike frjemdling, wurdt wol beskôge as de literêre erfgenamt fan 'e doalende ridder út 'e Midsiuwske Jeropeeske romans, en is ek besibbe oan 'e ronin, de masterleaze samûrai út 'e Japanske kultuer.

Lang net eltse western folget fansels dit stramyn. In oar wichtich tema is bgl. de striid tusken de blanke kolonisten en de lânseigen Yndiaanske befolking, wêrby't oarspronklik de blanken altyd foar de helden trochgiene, wylst de Yndianen ta smjunten makke waarden, al is dat sûnt de jierren santich stadichoan feroare. Wat ek faak foarkomt is de biografyske western, dy't in (sterk romantisearre) beskriuwing jout fan it libben fan ien of mear ferneamde persoanen, sij it in bandyt, lykas Jesse James, Billy the Kid of Butch Cassidy; in binde, lykas de Daltons of the Wild Bunch; wetstsjinners, lykas Wyatt Earp of Wild Bill Hickok; legerofsieren, lykas George Armstrong Custer; of Yndiaanske opperhaden, lykas Sitting Bull of Crazy Horse. Guon fan sokke histoaryske westerns, benammen dy dy't de frontierheld Davy Crockett portrettearje, spylje al yn 1836, doe't de Slach om de Alamo plakfûn. Ornaris wurdt by dat barren de grins lein fan wat noch as western beskôge wurde kin en wat bûten it sjenre falt om't it te ier is.

De western (benammen de westernfilm, mar westernliteratuer faak ek) nimt yn prinsipe de eleminten fan sokke ferhalen en foarmet se om ta ienfâldige moraliteiten, hoewol't guon útsûnderings op moreel mêd folle dûbelsinniger binne, lykas de mei fjouwer Oskars bekroande film Unforgiven, fan Clint Eastwood. De western mei graach de klam lizze op 'e wredens fan 'e wyldernis, en fynt sadwaande faak plak yn in ûnfruchtber, desolaat lânskip. Spesifike dekôrs binne isolearre forten, feepleatsen (ranches) en boerespultsjes (farms of homesteads), it Yndiaanske doarp of kamp, en benammen it lytse, stoffige stedsje oan 'e foargrins fan 'e beskaving, mei in kroech (saloon), winkel (general store), hierstâl (livery stable) en sheriffskantoar mei selleblok (jailhouse), dêr't de wyn wite amaranten (tumbleweeds) oer de haadstrjitte blaast.

Literatuer De western as literêr sjenre is eins in fuortsetting op 'e romans dy't yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw begûnen te ferskinen oer de Amerikaanske frontier beëasten de rivier de Mississippy. Dêryn waard it libben oan 'e foargrins fan 'e beskaving beskreaun (yn romantisearre foarm, fansels), sa't dat west hie yn 'e koloniale tiid (±1700-1776). It bekendste foarbyld fan dy literatuer is de fiifdielige romanrige The Leatherstocking Tales, fan 'e skriuwer James Fenimore Cooper, mei as meast ferneamde diel The Last of the Mohicans (1826).

Doe't om 1840 hinne de kolonisaasje fan Noard-Amearika bewesten de Mississippy úteinsette, begûnen der fan likernôch 1850 ôf goedkeape, tinnige pulpromantsjes te ferskinen, dy't penny dreadfuls neamd waarden, om't se mar in peinje (penny) kosten en ferskriklik (dreadful) skreaun wiene. Meitiid giene dy oer yn 'e saneamde dime novels, dy't mei in stoer (dime) justjes djoerder wiene, mar ek folle better skreaun wiene (dêrfandinne novel, "roman"). De earste dime novel wie Malaeska; The Indian Wife of the White Hunter, dy't yn juny 1860 útjûn waard. Beide soarten pulpromans wiene tige populêr yn it Easten fan 'e Feriene Steaten, al waarden se nei it lêzen yn 'e regel fuortsmiten. Se fertelden ferhalen dy't gauris basearre wiene op 'e (romantisearre) libbens fan wiere persoanen, lykas Buffalo Bill, Wild Bill Hickok, Jesse James. Wyatt Earp en Billy the Kid. Tsjin 1900 ûntstiene der ek tydskriften dy't har yn dit soarte ferhalen spesjalisearren.

Behalven yn it Easten fan Amearika wiene de ferhalen oer it Wylde Westen ek yn Jeropa tige populêr. Om 1880 hinne sette de Dútser Karl May útein mei it skriuwen fan romans fan folle lingte oer syn ikoanysk wurden helden Old Shatterhand en Winnetou. Hoewol't er dêr op it fêstelân fan Jeropa in ûnbidich grut súkses mei hie, waarden syn aventoereferhalen troch literatuerkritisy ôfdien as lektuer fan in triviaal soarte, en dat is oardel iuw letter noch net feroare. Likegoed binne generaasjes bern opgroeid mei May syn boeken en de ferfilmings dêrfan, en hat er yn Jeropa in grutte ynfloed hân. Dêrby moat trouwens wol oantekene wurde dat er in grutte fantast wie, dy't bearde dat syn ferhalen op syn eigen ûnderfinings basearre wiene wylst er noch nea yn Amearika west hie. Dat is ek de reden dat syn boeken optille fan 'e histoaryske flaters, lykas Yndiaanske stammen dy't by May noch fleurich oer de prêrje fjouweren wylst se yn wurklikheid allang troch de Amerikaanske oerheid opburgen wiene yn reservaten. Fierders moat ek opmurken wêze dat May syn alter ego Old Shatterhand en dy syn Yndiaanske bloedbroer Winnetou yn Amearika sa goed as ûnbekend bleaun binne.

Yn 'e Feriene Steaten ûntjoech de western him ûnderwilens ta echte literatuer mei de útjefte, yn 1902, fan Owen Wister syn roman The Virginian. As grûnlizzer fan 'e literêre western wurdt lykwols Zane Grey beskôge, dy't yn 1912 syn ferneamde Riders of the Purple Sage publisearre. Letter folgen dêr noch tsientallen oare romans op, lykas Knights of the Range, Code of the West en it masterlike Desert Gold. Grey waard neifolge troch oare bekende westernauteurs, lykas Walter Noble Burns, dy't yn 1927 mei syn roman Tombstone de reputaasje fan Wyatt Earp makke. Max Brand is in oare grutte namme út 'e westernliteratuer, mei titels as Striking Eagle, Blood on the Trail, The Seventh Man, Danger Trail en The Long Chase. Brand blonk fierders ek út yn it skriuwen fan koarte ferhalen fan it westernsjenre, dy't er publisearre yn 'e withoefolle westerntydskriften dy't yn 'e tweintiger jierren ûntstiene, lykas Western Story Magazine, Star Western, Ranch Romances, Cowboy Stories en West. Clarence E. Mulford skreau ek koarte ferhalen, mar dan allegear oer deselde held, Hopalong Cassidy; de earste út dy rige ferskynde al yn 1904.

Yn 'e fjirtiger jierren ferskynden der ferskate wichtige westernromans, lykas The Ox-Bow Incident, fan Walter van Tilburg Clark, The Big Sky en The Way West, fan A.B. Guthrie jr. en Shane, fan Jack Schaefer. Teffens ferskynden der ein fjirtiger en begjin fyftiger jierren ferskate westernromans fan 'e Frysk-Amerikaanske auteur Frederick Feikema Manfred, hoewol't dy bekender wurden is om syn streekromans oer it boerelibben op 'e noardlike Grutte Flakten oan it begjin fan 'e tweintichste iuw. Under de skriuwers dy't yn 'e fyftiger jierren populêr waarden, wiene Luke Short, Ray Hogan en Louis L'Amour. Yn 'e twadde helte fan 'e jierren fyftich en yn 'e jierren sechstich sette Bradford Scott útein mei syn rige oer de Texas Ranger Walt Slade, mei titels as Trigger Talk, The Ghost Trail, Outlaw Gold en Gun Justice. De westernliteratuer berikte syn hichtepunt om 1963 hinne, wat benammentlik feroarsake liket te wêzen trochdat it publyk op it sjenre útsjoen rekke fanwegen de oerfloed fan westernfilms en -tillefyzjesearjes dy't der doedestiden makke waard. Dat hie ek in negatyf effekt op 'e ferkeapsifers fan westernliteratuer, en sa rekke it hiele sjenre stadichoan yn it neigean.

Fan 'e jierren santich ôf dominearre Louis L'Amour de westernliteratuer. Yn 'e iere jierren santich foel fierders de Indianeeske skriuwster Marilyn Durham op mei twa populêre romans, The Man Who Loved Cat Dancing en Dutch Uncle. Oare wichtige auteurs út 'e santiger en tachtiger jierren wiene George G. Gilman, Larry McMurtry en Cormac McCarthy. Fral McMurtry syn Lonesome Dove en McCarthy syn Blood Meridian (beide út 1985) wurde rûnom beskôge as masterwurken binnen it sjenre en fan 'e widere Amerikaanske literatuer. Elmer Kelton, dy't yn dyselde snuorje bekend waard mei syn romans The Good Old Boys en The Time It Never Rained, waard neitiid troch de Western Writers of America (WWA), de beropsferiening fan westernskriuwers, dy't bestiet sûnt 1953, útroppen ta de bêste westerskriuwer aller tiden. Nei 2000 dûkten de ferkeapsifers fan westernliteratuer nei in nij djiptepunt ta, al wurde der noch alle moannen ûnderskate romans yn it sjenre útjûn, benammen as ûnderdiel fan 'e rigen The Trailsman, Slocum, Longarm en The Gunsmith. Sûnt 2008 liket der op it mêd fan 'e westernliteratuer in lytse oplibbing te bespeuren.

Film Skiednis

De western as sjenre, mei al syn ûnderskate skaaimerken, wie al stevich fêstige doe't koart nei 1900 de earste westernfilms makke waarden. As de alderearste western wurdt faak neamd The Great Train Robbery, in film út 1903 fan regisseur Edwin S. Porter, mei yn 'e haadrol Bronco Billy Anderson. Yn 'e ierste films waarden sokke fêste personaazjes portrettearre as cowboys, revolvermannen, sheriffs en preemjejagers, gauris ôfbylde as semy-nomadyske swalkers mei stetsons op, bandana's om en skonkbeskermers en spoaren oan, dy't revolvers en gewearen brûke as ûnderdiel fan har deistich libben, en op har trouwe hynders ride tusken stoffige stedsjes en grutte feeranches.