Rostock is in stêd yn it noardeasten fan Dútslân; it is de grutste stêd fan 'e dielsteat Meklenburch-Foarpommeren en hat goed 200.000 ynwenners. Rostock leit yn it noarden fan Mecklenburch, oan 'e rivier de Warnow. Oan 'e mûning fan 'e Warnow lizze it stedsdiel Warnemünde en de haven fan Rostock, dy't de tredde Dútske Eastseehaven neffens grutte is, nei Kiel en Lübeck.

Skiednis Rostock wurdt foar it earst neamd yn 1160. Der wie doe in Slavyske delsetting mei de namme Roztoc oan 'e Warnow. Yn 1189 is der foar it earst sprake fan in Dútske delsetting op 'e oare ouwer. Rostock hat yn alle gefallen al sûnt 1218 (mar nei alle gedachten al earder) stedsrjochten. thumb|left|Rostock yn 1625. Rostock wie tusken 1251 en 1669 in wichtich lid fan it Hânzebûn, en waard dêrmei yn 'e Midsiuwen in rike stêd. De universiteit fan Rostock waard yn 1419 stifte. Dêrmei hat Rostock de âldste universiteit fan Noard-Europa. Tsjin 'e ein fan 'e 15e iuw waard de oant dan ta ûnôfhinklike stêd oermastere troch de hartoch fan Meklenburch. Troch oanhâldende strideraasjes tusken de stêd en de hartoggen en plonderingen ferlear de stêd stadichoan macht.

Yn 'e 19e iuw profitearre Rostock fan in sterke ûntwikkeling fan 'e skipsbou.

In soad bewenners hiene yn 'e jierren 1920 te lijen hân fan 'e swiere ekonomyske omstannichheden yn it lân. Yn 'e 20ste iuw waarden der wichtige fleantúchfabriken by Rostock stifte, lykas de Arado Flugzeugwerke yn Warnemünde en de Heinkel-fabriken mei fêstigings op ferskate plakken.

Yn it begjin fan 'e jierren 1930 krige de NSDAP hieltyd mear oanhing ûnder de kiezers fan Rostock. By de ferkiezings yn 'e simmer van 1932, doe't de nazy's lannelik 37,3 prosint hellen — harren grutste lanlike risseltaat yn in frije ferkiezing —, krigen se yn Rostock 40,3 prosint fan 'e stimmen. In jier letter, nei de machtsoername troch de nazy's en it ferbieden fan oare politike partijen, bestie de gemeenteried fan Rostock (Stadtrat) folslein út nazy's. Yn 'e Kristalnacht fan 10 novimber 1938 waard de synagoge yn 'e Augustenstrasse yn Rostock troch brânstifting ferneatige en waarden tsientallen Joaden mishandele en finzen set.

Troch de rappe werbewapening naam it yndustriële belang fan Rostock yn 'e lette jierren 1930 bot ta, en de wurkgelegenheid yn 'e fabriken fan Heinkel en Arado en op de skipswerf Neptun skeat omheech. It ynwennertal fan 'e stêd groeide fan 100.000 yn 1935 nei 121.192 yn 1939. thumb|left|Rostock nei de bombardeminten fan 1942. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard Rostock hieltyd wer troffen troch jimmeroan swierdere bombardeminten, benammen troch de Britske Royal Air Force. De 14e-iuwske Jakobitsjerke gyng foar ivich ferlern, fan 'e Nikolaitsjerke bleaune de muorren bewarre, mar it midsiuwske ynterieur waard folslein ferneatige en hûnderten midsiuwske en barokke gevelhûzen leine yn 'e jiske.

Yn 'e nei-oarlochske tiid folge de werbou en groeide de stêd fierder. Yn dy tiid waard de seehaven oanlein, de wichtichste seehaven fan 'e DDR. Nei de Dútske ienwurding fan 1990 ferlear Rostock syn bysûndere posysje. It ynwennertal naam sterk ôf, benammen troch migraasje nei it rykere westen fan Dútslân.

Befolkingsûntwikkeling De befolking fan Rostock naam yn 'e rin fan 'e tiid stadichoan ta. In skerpe delgong folge yn 'e Twadde Wrâldkriich, mar yn 'e tiid fan 'e Dútske dieling groeide de befolking oant de ein fan 'e DDR. Dêrnei folge in tiid fan delgong en hjoed-de-dei is der sprake fan in lichte groei.

Jier 1380 1522 1594 1773 1806 1840 1850 1871 Ynwenners ± 11.000 10.400 14.800 9000 12.756 19.413 22.652 30.980Jier 1890 1900 1910 1925 1933 1939 1946 1950Ynwenners 44.409 54.713 65.383 77.669 90.150 121.192 114.869 133.109Jier 1960 1972 1981 1988 2002 2011 2025 Ynwenners 158.630 204.656 234.500 253.990 198.259 200.265 204.929

Kultuer It besjen wurdich Universitätsplatz mei de Brunnen der Lebensfreude Mariëntsjerke (13e iuw) Nikolaastsjerke (13e iuw) Petritsjerke (14e iuw) Neuer Markt mei stedhûs (1290) Midsiuwske stedsmuorren mei trije stedspoarten Kunsthalle Rostock yn 'e wyk Reutershagen Stasi-finzenismuseum Skipfeartmuseum yn Rostock-Schmarl Ostseestadion, fuotbalstadion fan FC Hansa Rostock yn Rostock-Hansaviertel Strânpromenade Warnemünde mei fjoertoer It monumintale Terrassenhochaus yn 'e typyske DDR-wyk Evershagen

Ofbylden

Kategory:Plak yn Meklenburch-Foarpommeren Kategory:Gemeente yn Meklenburch-Foarpommeren