De gewoane kraanfûgels of gewoane kranen (Grus) foarmje it grutste skaai yn de famylje fan 'e kraanfûgels (Gruidae). It skaai waard yn 1760 yntrodusearre troch Mathurin Jacques Brisson yn syn boek Ornithologie (fûgelkunde).
Gewoane kraanfûgels binne middelgrutte oant grutte kranen mei lange poarten en in lange hals, mar trochstrings wat kompakter as de soarten fan 'e saruskraanfûgels (Antigone). It fearrekleed is meast griis, faak mei wite, swarte of reade aksinten op 'e kop en hals en se ha faak mear kontrastearjende patroanen as by de saruskraanfûgels.
De fûgels ha brede wjukken mei sierlike skermfearren (tertials), dy't oer de sturt hingje, mar koarter binne as by bygelyks de blauwe kraan (Anthropoides paradiseus).
Gewoane kraanfûgels komme yn iepen gebieten mei in kombinaasje fan wetter en gerslân of agrarysk lân foar. It binne omnivoaren en se ite sied, nôt, ynsekten en lytse wringedieren. Se briede yn sompen en iepen fjild en in lechsel bestiet út twa aaien.
Taksonomy Tradisjoneel waard it skaai Grus hiel breed behannele in in grut tal soarten waarden dêrûnder rekkene. Ut molekulêr ûndersyk die bliken dat it skaai gjin monofyletiske groep foarme. Dêrom waard it skaai yn mear skaaien opdield. Birds of the World brûkt dy nije yndielingBirds of the World, mar yn 'e literatuer en databanken wurdt meast noch oan 'e âlde yndieling fêstholden. Ek BirdLife International brûkt noch de âlde yndieling.
Soarten De Birds of the World ferdielt is skaai yn fiif soarten. It skaai bestiet út seis soarten: Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding Status/Trend200px Grus americana trompetkraanfûgel Noard-Amearika bedrige25pxGrus americana op BirdLife200px Grus grus kraanfûgel Europa, Aazje, Noard-Afrika net bedrige25pxGrus grus op BirdLife200px Grus japonensis* Sineeske kraanfûgel Sibearje, Noardeast-Sina, Hokkaidō (Noard-Japan), Koreä, út en troch yn Mongoalje kwetsber25pxGrus japonensis op BirdLife200px Grus monacha muontsekraanfûgel Súd-sintraal en súdeastlik Sibearje, Mongoalje, Sina. kwetsber25px Grus monacha op BirdLife200px Grus nigricollis swarthalskraanfûgel It Tibetplato en efterôf lizzende dielen fan Yndia en Bûtan. hast bedrigestabylGrus nigricollis op BirdLife
Kategory:Kraanfûgel Kategory:Fûgelskaai