De Sovjet-Uny waard opgerjochte yn 1922, nei de Russyske revolúsje. De offisjele namme wie Uny fan Sosjalistyske Sovjetrepubliken, ôfkoarte as USSR, yn it Russysk en mei Syrillysk alfabet wie dat СССР (sprek út as SSSR). Yn 1991 waard de uny ûntbûn en krigen alle 15 republiken fan 'e âlde Sovjet-Uny ûnôhinklikens.
Lieders fan it regear Vladimir Lenin 1917-1922 Josef Stalin 1922-1953 Georgij Malenkov 1953 Nikita Chrûsjtsjov 1953-1964 Leonid Brezjnev 1964-1982 Joeri Andropov 1982-1984 Konstantin Tsjernenko 1984-1985 Michaïl Gorbatsjov 1985-1991
Ideology De idelogyske begjinsels dy't de bases foarme fan ynlânske en bútenlânske polityk fan 'e Sovjet-Uny en fan it sosjaal-ekonomyske systeem fan it ryk, waard it Marksisme, in wichtige streaming fan it kommunisme. Neffens dy ideology wie it stribjen fia in perfekt sosjalistysk systeem in kommunistyske heilsteat te wurden. Njonken dat soe de Sovjet-Uny bydrage oan de wrâldrevolúsje dêr't it Marksisme fan útgiet. Lenin soarge yn de Sovjet-Uny foar in polityk-ekonomysk systeem wat op dy Marksistyske ideology oanslute moast, it Leninisme.
Militêr Ut it bolsjewistyske folksleger fan de Russyske Revolúsje groeide letter it Reade Leger. It Reade Leger (nei nammeferoaring yn 1946: Sovjet-leger) omfieme de lânmacht, loftmacht, loftferdigening (fan 1948 ôf) en de Strategyske Rakettroepen (fan 1960 ôf). It Reade Leger foarme mei de Sovjet-marine de definsje fan de Sovjet-Uny.
De KGB soarge dêrneist foar de steatsfeilichheid.
Wichtige dagen Datum Fryske namme Russyske namme Oanfolling 1 jannewaris Nijjier Новый Год 7 jannewaris Ortodokske Kryst Православное Рождество 23 febrewaris Dei fan it leger День Советской Армии и Военно-Морского Флота Febrewarisrevolúsje 1917;oprjochting fan it Reade leger 1918. 8 maart Ynternasjonale Frouljusdei Международный Женский День 1 maaie Earste Maaie Первое Мая - День Солидарности Трудящихся Dei fan de Arbeid 9 maaie Oerwinningsdagen День Победы Nazy-Dútslân oerwûn yn 1945 7-8 novimber Sosjalistyske Oktoberrevolúsje Седьмое Ноября Oktoberrevolúsje 1917; hjit no: День Примирения
Audio De krêft fan 'e Sovjets, troch Vladimir Lenin.
Sjoch ek Ruslân Russyske skriuwers
Kategory:Histoarysk lân yn Jeropa Kategory:Histoarysk lân yn Aazje Kategory:Skiednis fan Ruslân Kategory:Skiednis fan de Oekraïne Kategory:Skiednis fan Wyt-Ruslân Kategory:Skiednis fan Moldaavje Kategory:Skiednis fan Estlân Kategory:Skiednis fan Letlân Kategory:Skiednis fan Litouwen Kategory:Skiednis fan Armeenje Kategory:Skiednis fan Azerbeidzjan Kategory:Skiednis fan Georgje Kategory:Skiednis fan Kazachstan Kategory:Skiednis fan Kirgyzje Kategory:Skiednis fan Oezbekistan Kategory:Skiednis fan Tadzjikistan Kategory:Skiednis fan Turkmenistan Kategory:Skiednis fan Abgaazje Kategory:Skiednis fan Súd-Osseesje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1922 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1991 Kategory:Republyk