Arad is in stêd yn Roemeenje, yn Transsylvaanje, ticht by de grins mei Hongarije. De stêd is de haadstêd fan it distrikt, judeţ, Arad.

Skiednis De earste spoaren fan minsklike bewenning yn it gebiet fan it hjoeddeiske Arad geane werom oant it 5e millennium f.Kr. Yn it 3e millennium f.Kr. ûntstiene oan beide iggen en op 'e eilannen fan 'e Mureș bloeiende delsettings. By opgravings foar de bou fan it Astoria Hotel waard in minsklik skelet út de Brûnstiid fûn.

Yn it 1e millennium f.Kr. ferskynden de earste Dasyske delsettings. Letter fêstigen har hjir ek Skyten en Keltyske folken. De Dasyske delsetting súdlik fan it hjoeddeiske distrikt Micălaca waard yn 101–102 troch de Romeinen ferovere. Under keizer Trajanus waard it gebiet noardlik fan 'e Mureș by Romeinsk Daasje foege. By Aradul Nou bouden de Romeinen it fort fan Aradul Nou, dêr't Legio IV Flavia Felix legere wie. Yn 'e 2e oant en mei 4e iuw wennen der yn it gebiet Dasyske en Sarmatyske befolkingsgroepen mei yntinsive hannelskontakten mei it Romeinske Ryk.

Yn 'e 10e iuw wreiden de Hongaren harren macht út nei Transsylvaanje. De Mureș-delling wie dêrby in wichtige tagongsrûte. Yn it gebiet waarden ferskate fêstingen boud, dy't letter troch de Hongaren ferovere waarden. Arad wurdt foar it earst yn 'e 11e iuw yn skriftlike boarnen neamd. Yn 1131 fûn by Arad in gearkomste fan it Hongaarske Ryk plak. Yn 'e 13e iuw diene dy by de Mongoalske ynfal harren wurk.

Yn 1551 ferovere it Osmaanske Ryk it gebiet. Arad waard in wichtich bestjoerlik sintrum en wie fan 1660 oant 1697 de sit fan in eyalet (in Osmaanske provinsje). Yn 1697 waard de stêd troch de Habsburgers ferovere. Nei 1699 foel Arad ûnder de Habsburchske monargy. Oan it begjin fan 'e 18e iuw waard it ek in sintrum fan it eastersk-otterdokse bisdom Arad.

De earste joad dy't him yn 1717 yn 'e stêd fêstigje mocht, wie Isac Elias. De joadske mienskip groeide letter sterk en telde foar de Twadde Wrâldoarloch mear as 10.000 minsken.

Tusken 1763 en 1783 waard in nije fêsting boud. Dy spile in wichtige rol yn 'e Hongaarske revolúsje fan 1848. Yn 1849 waard Arad in haadkertier fan 'e Hongaarske opstannelingen. Lajos Kossuth publisearre dêr op 11 augustus 1849 syn ferneamde proklamaasje en droech dêr it heechste militêre en boargerlike foech oer oan Artúr Görgey. thumb|left|It yn 1890 ynhuldige Frijheidsmonumint ta neitins fan 'e Trettjin martlers fan Arad. Nei de oerjefte fan Görgey by Világos waard de fêsting op 'e nij troch de Habsburgers ynnommen. Op 6 oktober 1849 waarden hjir trettjin Hongaarske opstannige generaals eksekutearre. Hja steane bekend as de Trettjin martlers fan Arad. Sûnt dy tiid wurdt Arad yn 'e Hongaarske skiednis wol it "Hongaarske Golgotha" neamd.

Yn 'e 19e iuw makke Arad in sterke ekonomyske groei troch. Yn 1834 krige de stêd fan keizer Frans I de status fan frije keninklike stêd. Oan 'e oare kant fan 'e Mureș ûntstie yn 'e 17e iuw Aradu Nou, dat letter by Arad kaam te hearren.

Yn 1910 hie Arad 63.166 ynwenners. De grutste befolkingsgroep bestie út Hongaren, folge troch Roemeenjers en Dútsers. Yn 'e Earste Wrâldoarloch rjochten de Eastenryksk-Hongaarske autoriteiten yn de fêsting fan Arad in ynternearingskamp foar Servyske finzenen yn; sa'n 4.000 fan harren kamen dêr om it libben.

Demografy By de Roemeenske folkstelling fan 2021 hie Arad 145.078 ynwenners. It past by de algemiene demografyske ûntjouwing yn Roemeenje dat de befolking ôfnimt troch migraasje nei gruttere en mear ûntwikkele stêden en troch suburbanisaasje. Tagelyk groeiden guon plattelânsplakken sterk.

De etnyske gearstalling fan Arad feroare nei de Earste Wrâldoarloch, doe't de nije grins tusken Hongarije en Roemeenje fêststeld waard. De grins waard bepaald troch in ynternasjonale kommisje ûnder lieding fan 'e Frânske kartograaf Emmanuel de Martonne. Dêrby waard besocht om de ferskillende etnyske groepen safolle mooglik oan wjerskanten fan 'e grins te skieden, wylst wichtige ferbiningen tusken de beide lannen beholden bleaune. De omslach fan in foar it grutste part Hongaarsktalige stêd yn 1910 nei in stêd mei in dúdlik Roemeenske mearderheid yn 2021 is it gefolch fan dy grinsferoaring nei de Earste Wrâldoarloch, migraasje, ferskillende befolkingsgroei, urbanisaasje, emigraasje fan ferskate minderheden en feroarjende folkstellingskritearia.

Neffens de folkstelling fan 1880, doe't Arad noch diel útmakke fan Eastenryk-Hongarije, hie de stêd 35.556 ynwenners. Dêrfan wiene 19.896 Hongaren (56%), 6.439 Roemenen (18,1%), 5.448 Dútsers (15,3%), 1.690 Servjers (4,8%) en 2.083 minsken fan oare etnyske groepen (5,9%).

Yn 1910 hie Arad 63.166 ynwenners: 46.085 Hongaren (72,95%), 10.279 Roemenen (16,27%), 4.365 Dútsers (6,91%), 1.816 Servjers (2,87%), 277 Slowaken (0,43%) en 133 Tsjechen (0,21%).

By de folkstelling fan 2021 wie 77,4% fan 'e befolking fan Arad Roemeensk. De grutste minderheid waard foarme troch de Hongaren mei 6,94%, folge troch de Roma mei 0,96% en de Dútsers mei 0,54%. Fierders wennen der ûnder oaren Servjers, Slowaken en Italjanen. Fan 13,2% fan 'e ynwenners wie de etnyske eftergrûn net opjûn.

Befolkingsûntwikkeling Jier 1880 1900 1912 1930 1941 1948 1956 1966Ynwenners 35.556 53.903 63.166 77.181 86.674 87.291 106.460 126.000% feroaring — +51,6% +17,2% +22,2% +12,3% +0,7% +22,0% +18,4%Jier 1977 1992 2002 2011 2021 Ynwenners 171.193 190.114 172.827 159.704 145.078 % feroaring +35,9% +11,1% −9,1% −7,6% −9,2%

Wichtichste monuminten en gebouwen thumb|260px|Fêsting. De fêsting fan Arad is in grutte stjerfoarmige festing út 'e 18e iuw, boud tusken 1763 en 1783. Hja spile in wichtige rol yn 'e Hongaarske revolúsje fan 1848–1849. It Bestjoerlik Paleis (Palatul Administrativ) is ien fan 'e bekendste gebouwen fan Arad, oan 'e Bulevardul Revoluției. It Paleis fan Kultuer is in monumintaal histoarysk gebou dat ta de opfallendste arsjitektuer fan 'e stêd heart. It Frijheidsmonumint yn it Park fan 'e Fermoedsoening is in belangryk monumint foar de Hongaarske revolúsje fan 1848–1849. It toeristysk sintrum neamt it, tegearre mei de Triomfbôge, as ien fan 'e wichtichste monuminten fan Arad. De Triomfbôge yn it Park fan 'e Fermoedsoening is in monumint dat mei de histoaryske oantinkens fan 'e stêd ferbûn is. De histoaryske Trajanusbrêge oer de Mureș ferbynt Arad mei Aradu Nou. De Wettertoer hat hjoed-de-dei in kulturele funksje. It Szantay-paleis en oare histoaryske paleizen oan 'e Bulevardul Revoluției en yn it sintrum binne ek karakteristyk foar it stedsbyld fan Arad.

Tsjerken thumb|260px|Antonius fan Padûatsjerke. De Sint-Antoniustsjerke fan Padûa is in roomske barokke tsjerke mei in opfallende koepel. De neogoatyske Reade Tsjerke (Biserica Roșie) is in bekende lutherske tsjerke en ien fan 'e markante gebouwen fan 'e stêd. De Trije-ienheidskatedraal (Catedrala Sfânta Treime) is in grutte eastersk-otterdokse katedraal dy't foltôge waard yn 2008. De eastersk-otterdokse Petrus en Paulustsjerke út 1702 stiet ek bekend as de Servyske tsjerke (Biserica Sârbească).

Musea It Museumkompleks fan Arad (Complexul Muzeal Arad) mei ferskate histoaryske en keunsthistoaryske kolleksjes. It Muzeul Memorial Vasile Goldiş is wijd oan 'e Roemeenske politikus en publisist Vasile Goldiș. De galery yn 'e Wettertoer (Galeriile Turnul de apă) isin kulturele útstallingsromte yn 'e histoaryske Wettertoer.

Berne yn Arad Andreas Lukacsy (1931), Dútsk dirigint Franz Watz (1949), Dútsk komponist en dirigint Ovidiu Haţegan (1980), Roemeensf fuotbalskiedsrjochter

Keppeling om utens Webstee fan Arad

Kategory:Plak yn Roemeenje